2. It is spitich, mar se komme allegearre utStiens Der moast winliken ien ut'e bûtendoarpen yn". Ik haw doe sein, "wy kinne jim op jim winken betsjinje. Us nij riedslid Siebren Ladenius is wol aardich thus yn'e sport(û.o. foarsitter fan D.T.D) en wennet yn Britsum; ik stel him kandidaat". Doe dy bliken dat de wurden fan PvdA-riedslid Teitsma fan nul-en-gjin wearde wiene. De "kleur" fan de bûtendoarpen noaske him blykber net. Ja, ien kear yn de 4 jier poepe C.D.A en PvdA ienriedich yn't selde pots je, it mei dan wat stjonke en net al te hygiënysk wêze, as hja dy ferhipte F.N.P mar dwers sitte kinne. Wy hawwe dan ek noch it neidiel dat wy as lytse fraksjes gjin wethâlder hawwe. As F.N.P en V.V.D, nei de ferkiezings, de lapen gear smiten hiene, dan hiene wy ek rjochten jilde litte kinnen. Mar ts|in de V.V.D hawwe wy noch al wat beswieren û.o. om harre "striid" foar it behâld fan it Frysk. Boppedat hawwe wy foar't earst yn de histoarje fan Ljouwerteradiel meidien oan in s.n. kollegeprogram, om mar net oansjoen te wurden foar in partij dy't oars net wol as dwers sitte. As tank kamen wy allinich mar yn oanmerking foar wat neat sizzende kommisjes, m.o.w. wy binne op de me'st ûndemokratyske manier utsletten fan kommisjes dy't wat om't liif hiene. De"Bining" As yn de ferkiezingstiid de redaksje fan de "Flaput", dÉ doarps- krante fan Jelsum-Koarnjum, de partijen dy't oan de riedsferkiezings meidogge, om in koarte bijdrage freget yn'e foarm fan it beantwurdzjen fan in tal fragen, dan seit de PvdA-fraksje ik sitear: de fraksje fan PvdA yn it ferline - en soks yn tsjinstelling'fan bijgelyks de fraksje fan de F.NP lûdop yn de Ried sein hat, dat men nét ûtslute woe bijspringe te wollen yn'e eksplotaasje fan doarphuzen

Historisch Centrum Leeuwarden

Notulen van de gemeenteraad van Leeuwarderadeel | 1986 | | pagina 8