3 as dizze net slutend fait te krijen en soks benammen mei it each op'e leefberens. Tige frijbliuwend dus. It is spitich dat de redaksje fan de "Flaput" dy snear dy't de PvdA oan de F.NP joech, opnommen hat, want it wie,neffens us,perfoarst net de bedoeling fan de redaksje dat de partijen mekoar fia har doarpskrante de earen efkes woskje soene, mar deagewoan it beantwurdz jen fan fragen dy't foar de Jelsumer en Koarnjumer doarpsmienskip fan belang wiene. Mar, en dat is slim, dit hie yn'e Ried nea oan'e oarder west en de utspraeik fan de PvdA is hielendal net wier of noch dudliker sein: ligerjj fan't begjin oan't ein. Sjoch freonen, as yn de ferkiezingsstriid op skerp spile wurdt, dér hawwe wy neat op tsjin. Mar as de PvdA-fraksje op sah. yngemiene manier mient us, as F.N.P, oanpakke te moatten, dan sjit us wurdkar te koart om deroer te oardieljen. Wy litte dat graach oan de ynwenners fan Ljouwerteradiel oer. Polityk is hurd, mar dit lei der wol tige dik op. Ik wol noch neame it gearstallen fan de bewende forumjûnen opset troch it sosjaal kultureel sintrum 8-88. Op de meast beskamseme wize is it us ûnthâlden om op paslike wize ih forumjûn mei gear te stallen. It meast hat it us wol rekke dat nimmen fan de oare fraksjes us frege hat wat dan wol de reden wie fan it net meidwaan. Iepenbiere_wurken. Der is it leste jier, wat de wurken oangiet,gâns ut'e wei set. Tink oan de doarpsfernjjingen Aide Leije,Feinsum Jelsum^Koarnjum is krekt oplevere. Ek yn Stiens wie hiel wat aksje. Wy moatte ien-en oar faaks sjen as oanpassing en it ferhelpen fan efterstallich underhald en it wer brûkber te meitsjen foar de tiid fan no. Ek maot neamt wurde

Historisch Centrum Leeuwarden

Notulen van de gemeenteraad van Leeuwarderadeel | 1986 | | pagina 9