Troch de hinderwet sille de neidielen safolle mooglik beheind wurde. Yn it ferline is der gauris sa'n beslut nommen. It giet hjir om de legalisaasje fan in besteand bedriuw. Oerpleatsing nei it yndustryterrein sil fan de gemeente in aardige finansjele bydrage freegje. By in oare bedriuwsfiering as de hjoeddeistige sil de hinderwetfer- gunning op'e nij hifke worde moatte.De hinderwet jout regels hjirfoar. De bedriuwsbestinnning komt hjirmei lykwols net oan'e oarder. De foarsitter seit noch dat aile nije bedriuwen Gndersocht wurde moatte foar de hinderwet. In twadde ynstansje seit de hear Teitsma dat de hjoeddeistige gong fan saken sjoen wurde moat as it êfternei legalisearjen fan in bedriuw. Syn fraksje sjocht hjiryn gjin inkele foarm fan belied en bliuwt as sadanich tsjin it foarstel. It yndustryterrein oan it Noarderfjild is de oanwiisde lokaasje foar yndustry De hear Roorda seit nochris dat syn fraksje foar in bGchsum belied is. Yn it ramt fan de pleatslike wurkgelegenheid moatte der utsGnderingen makke wurde kinne De hear Boorsma seit dat ek syn fraksje muoite hat mei de legalisaasje êfternei en dan foaral de opmerking dat it plan dêr't it no is, faaks minder oerlêst jout as it yndustryterrein. Dat it kolleezje neamd hat, dat by in nije bedriuwfiering op'e ny besjoen wurde moat oft it oan de foarskriften fan de hinderwet foldocht, is foar syn fraksje lykwols in gerêststelling. Wethâlder Van Rijn bringt nochris yn't koart de foarskiednis fan it be driuw fan de hear Bos yn 't sin. Ek yn dizze foarskiednis hat de gemeenterie in bydrage levere. It kolleezje is foarstanner fan in algemien belied mar dan wol in algemien beleid wêryn romte is foar utsGnderingen. Op grGn fan dit belied hat de hjoeddeistige lokaasje de foarkar fan it kolleezje. De hinderwet sil de mooglike oerlêst werombringe. Hjirnei wurdtde gearkomste tydlik sluten. Nei de Gnderbrekking seit de hear Teitsma dat syn fraksje muoite hâlden bliuwt mei it foarstel. Legalisaasje efternei wurdt troch syn fraksje ôfwiisd. Yndustry heart op in yndustryterrein. Fanut it FGns stêds- en doarpsfernijing soe hjir foar in finansjele bydrage beskikber steld wurde kinne. De hear Boersma jout it kolleezje yn berie dit soarte saken yn'e takomst tefoaren te kommen. Der soe oanjGn wurde moatte wat der yn it bGtengebiet wol of net kin of mei. Hjirnei bringt de foarsitter it foarstel yn stimming. Foar binne de leden: Roorda, Boersma, Van der Ende, Faber, Ladenius, W. Vis ser, Van Rijn, Jansma en Ketellapper. Tsjin binne de leden: G. Visser, Eisenga, Glas en Teitsma. It foarstel is dêrom mei 9 tsjin 4 stimmen oannommen.

Historisch Centrum Leeuwarden

Notulen van de gemeenteraad van Leeuwarderadeel | 1988 | | pagina 7