-4 9. Utstel oangeande it nimmen fan in tariedingsbeslut foar in part fan it bestimmingsplan Stiens-doarp (Uniawei) 88/8 1335 m. Sûnder diskusje en haadlike stimming wurdt neffens it utstel fan boarge- master en wethâlders besluten. Utstel oangeande it ferkeapjen fan it opslachterrein oan de Uniawei te Stiens oan de hear T.F.A. Kolijn te Feinsum. 88/9 1340 m. Sûnder diskusje en haadlike stimming wurdt neffens it utsel fan boarge- master en wethâlders besluten. Utstel oangeande in beropskrift fan de hear Wiersma te Sint Anne ynsake it wegerjen fan it ferlienen i;an in stânplakfergunning. 88/10 1344 m. Hjiroer wurdt it wurd fierd troch de hearen Boersma, Jansma, Ladenius, Eisenga en de foarsitter. De hear Boersma seitdat it stinpunt fan syn fraksje net wizige is. It yn'e leste gearkomste ynnommen stinpunt jildt noch ûnfermindere Syn fraksje bliuwt tsjin it foarstel. De hear Jansma se it dat syn fraksje de ferkearsfeilichheid altyd as it wichtichste argumint tsjin it ferlienen fan in fergunning sjoen hat. De neiere taljochting yn de kommisje Iepenbiere Wurken en Ferkear hat lykwols dudlik makke dat dit argumint gjin rjocht mear docht. In fêstplak hat yn dizze saak in positive ynfloed. De betingsten soene yn de A.P.V. fêstlein wurde moatte. Syn fraksje is foarstanner fan in konsintraasje fan stânplakken; bij- gelyks de wyklikse merke. De hear Ladenius seit, dat ek it stinpunt fan syn fraksje net wizige is. Se bliuwt tsjin. De heer Eisenga seit, dat syn fraksje foar it foarstel is. Wol moat der middels de A.P.V. op koarte termyn dudlikheid oer it belied yn dizze saak komme. Syn fraksje trunt hjir mei klam op oan. Stanplakken moatte konsintrearre wurde yn it sintrum fan Stiens. De foarsitter andert dat it foarige plak ferskate neidielen hat, sa as: de oanwêzichhied fan in glêsbak; en de lokaasje as parkearterrein fan in supermerk. In neiere regeljouwing ynsake it stinplakkenbelied kin op koarte termyn yn'e mjitte sjoen wurden. It untwerp hjirfoar leit ree. Nei oerlis mei de partijen dy't by dit be lied belutsen binne, kin sa mooglik yn inkele moannen in konkrete regel jouwing oan de rie ta feststelling foarlein wurden. - 5- -

Historisch Centrum Leeuwarden

Notulen van de gemeenteraad van Leeuwarderadeel | 1988 | | pagina 8