LEEUWARDERADEEL GEMEENTE Beslutelist fan de riedsgearkomste fan 27 oktober 1988. Oanwêzich: mefrou Visser, de hear Teitsma, mefrou Glas, de hearen Eisenga, Faber, Dijkstra, Van der Ende, Boersma, Roorda, Jansma, Ketellapper en de wethâlders van Rijn en Visser. Foarsitter: wethâlder van Rijn Siktaris de hear T.P. van Deutekom Boargemaster Boschma is yn ferbân mei sykte net oanwêzich. Bân I - 0000 m. -o-o-o-o-o-o- 1Beslutelist fan de riedsgearkomste fan 29 septimber 1988. Under punt 9 wer't de hear Teitsma oanhelle wurdt, komt de sin dy't begjint mei: "It stânpunt fan syn fraksje te ferfallen. It ferslach wurdt fierder ûnferoare fêststeld. 2Ynkommen stikken en meidielings. 88/110 0088 m. De foarsitter dielt foarôf mei dat 2 ferslaggen fan de kommisje Skilhiem en in moasje fan de P.v.d.A. oan de stikken tafoege binne. By dit punt sil ek yn besprek jûn wurde de brief oer it oerlis Definsje oer de zonering fleanbasis. Oer dit punt wurdt it wurd fierd troch mefrou Glas (Il-a)de hear Faber (Il-g)mefrou Visser (Il-e in samenhang met Ill-d)de hear van der Ende (ferslaggen Skilhiem, Ill-h en g)Jansma (Ill-g, h en j. en de moasje fan de P.v.d.A.), Dijkstra (Ill-g, h, j en de moasje fan de P.v.d.A.), Eisenga (Ill-a, h en g)Teitsma Ill-jferslaggen Skilhiem en de moasje fan de P.v.d.A.), Boersma (moasje P.v.d.A.), de foarsitter en wethâlder Visser. Nei lang berie wurdt besluten punt Ill-g earst yn de kommisje Algemiene Saken oan de oarder te stellen. As dy kommisje ienriedich in stânpunt ynnimt, kin dit as foarskot op it riedbeslut daliks utfierd wurde. De moasje fan de P.v.d.A. wurdt in lyts bytsje oanpast en sûnder haadlike stimming oannommen. -2-

Historisch Centrum Leeuwarden

Notulen van de gemeenteraad van Leeuwarderadeel | 1988 | | pagina 7