- 3 - 4. Utstel oangeande garandearjen fan in ûnderhânske jildliening fan de Wenningstifting Ljouwert - Ljouwerteradiel. 88/112 1867 m. Hjiroer wurdt it wurd fierd troch de hearen van der Ende, Dijkstra, Eisenga, Jansma en de foarsitter. Der wurdt oantrune op in gesprek mei it bestjoer fan de WLL yn de earstkommende gearkomste fan de kommisje Algemiene Saken. De foarsitter dielt mei dat it kolleezje op 23 novimber 1988 in gearkomste hat mei it bestjoer fan de WLL. Hy sil der ferslach fan dwaan yn de kommisje Algemiene Saken. Mei it bestjoer fan de WLL sil oerlis plak fine oer de fraach of it winsklik is dat sy hjir by oanwêzich binne. Sûnder haadlike stimming wurdt neffens it utstel fan boargemaster en wethâlders besluten. 5Utstel oangeande it garandearjen fan jildlienings foar de Wenning- stifting Ljouwert - Ljouwerteradiel yn ferbân mei it earder Sflossen fan annuïteitenlienings 88/113 2040 m. Hjiroer wurdt it wurd fierd troch de hearen Eisenga, Dijkstra, van der Ende en de foarsitter. Sûnder haadlike stimming wurdt neffens it utstel fan boargemaster en wethâlders besluten. 6Utstel oangeande it ferlienen fan in ekstra kredyt oan de I.B.S. de Trochreed te Stiens. 88/114 2155 m. Hjiroer wurdt it wurd fierd troch de hearen van der Ende, Jansma en de foarsitter. Sûnder haadlike stimming wurdt neffens it utstel fan boargemaster en wethâlders besluten. 7Utstel oangeande it ferlienen fan in ekstra kredyt oan de I.B.S. "de Homeie" te Britsum. 88/115 2212/11 - 0000 m. Hjiroer wurdt it wurd fierd troch mefrou Visser, de hearen Faber, van der Ende, Jansma en wethâlder Visser. Sûnder haadlike stimming wurdt neffens it utstel fan boargemaster en wethâlders besluten. 8Utstel oangeande it beneamen fan in lid yn de kommisje Wolwêzen. 88/116 0283 m. Op mefrou B. Staal-van Gelder wurde 13 stimmen utbrocht. Hja is mei algemiene stimmen beneamd. -4-

Historisch Centrum Leeuwarden

Notulen van de gemeenteraad van Leeuwarderadeel | 1988 | | pagina 9