De foarsitter is fan betinken dat de fraach oer it al of net ferleegjen fan de heffing besjoen wurde moat by de begruttings- behanneling. De risseltaten fan it ûndersyk nei privatisearring ha oan jûn dat der gjin dudlike ferskillen binne mei in publieke tsjinst. Dêrom is besletten hjir net fierder mei te gean. De hear Faber seit hjir gjin ûtslutsel oer hân te hawwen. De foarsitter wiist der op dat by de begruttingsbehanneling foarich jier dizze saak oan de oarder west hat. Sûnder haadlike stimming wurdt neffens it utstel fan boargemaster en wethâlders besluten. Utstel oangeande it garandearjen fan in jildliening oan de N.C.H.B. te Amsterdam 88/121 0628 m. Hjiroer wurdt it wurd fierd troch de hearen Boersma, Dijkstra, Teitsma, Faber, mefrou Visser, wethâlder Visser en de foarsitter. Op fersyk fan de hear Boersma wurdt de gearkomste efkes ûnderbrutsen. Sûnder haadlike stimming wurdt neffens it utstel fan boargemaster en wethâlders besluten, mei de oantekening dat de hear Van der Ende achte wurdt tsjin stimt te hawwen. Utstel oangeande de bestimming fan de "Tun fan Mook" 88/122 0864 m. Hjiroer wurdt it wurd fierd troch de hearen Faber, Boersma, Teitsma, Roorda en de foarsitter. Sûnder haadlike stimming wurdt neffens it utstel fan boargemaster en wethâlders besluten. Utstel oangeande it wizigjen fan de mienskiplike regeling mei it C.E.V.A.N. 88/123 1065 m. Hjiroer wurdt it wurd fierd troch de hearen Eisenga, Dijkstra, Roorda en de foarsitter. De hear Eisenga pleitet foar in feroaring fan artikel 40. Op fersyk fan de hearen Van der Ende en Dijkstra ûnderbrekt de foar sitter de gearkomste. Nei it op'e nei iepenjen wurdt tasein dat de fertsjintwurdiger fan de gemeente by it Cevan nei gean sil hoet oare gemeenten oer de utstelde oanpassing fan artikel 40 tinke (N.B. It hat bliken dien dat dit artikel al oanpast wie neffens it utstel fan de hear Eisenga) Sûnder haadlike stimming wurdt neffens it utstel fan boargemaster en wethâlders besluten. Utstel oangeande de meerjierrenrûsing doarpsfernijing 1989-1993 88/124 1192 m. Hjiroer wurdt it wurd fierd troch de hear Boersma en mefrou Glas.

Historisch Centrum Leeuwarden

Notulen van de gemeenteraad van Leeuwarderadeel | 1988 | | pagina 10