- 3 - De hear Boersma hat mouite mei de rusing fan it bedrach fan 30.000,foar it bedriuwke yn Feinsum. Mevrouw Glas wil meer informatie hebben over een aantal zaken als fondsvorming, bestedingen daaruit enz. Zij vraagt dit in de commissie O.W. en V. aan de orde te stellen. Ook haar fractie maakt een voorbehoud t.a.v. het bedrag ad 30.000,— Voorts pleit zij voor het maken van een leefmilieuverordening. De foarsitter seit ta de ynformaasje dy't frege wurdt yn de kommisje oan'e oarder te stellen. Mooglik yn gearhing mei de folgjende meerjierrenrûsing De winsklikhied fan in leefmilieu-oardering sil besjoen wurde. Sûnder haadlike stimming wurdt neffens it utstel fan boargemaster en wethâlders besluten. 9Begruttingswizigings 1670 m. Sûnder diskusje en haadlike stimming wurde dizze fêststeld. 10. Utstel oangeande it ferkeapjen fan in stikje iepenbier grien 88/125 1441 m. Hjiroer wurdt it wurd fierd troch de hearen Teitsma, Dijkstra en de foarsitter. Sûnder haadlike stimming wurdt neffens it utstel fan boargemaster en wethâlders besluten. 11Utstel oangeande it fêststellen fan de begruting 1989 fan it fersoargingstehûs "Skilhiem" te Stiens 88/126 1523 m. Hjiroer wurdt it wurd fierd troch de hearen Faber, Boersma, Teitsma, Roorda, mefrou Visser, wethâlder Visser en de foarsitter. Op fersyk fan de FNP en VVD-fraksje dy't beide dit stik net sjoen ha, ûnderbrekt de foarsitter de gearkomste. De fraksjes FNP en WD stimme tsjin dit utstel. De beide oare fraksjes geane sûnder haadlike stimming akkoart mei dit utstel. Besluten yn de riedsgearkomste fan 13 desimber 1988, de siktaris, de foarsitter, (T.P.^van Deutekom)

Historisch Centrum Leeuwarden

Notulen van de gemeenteraad van Leeuwarderadeel | 1988 | | pagina 11