- 4 - De foarsitter doart hjir gjin utspraak oer te dwaan. Hy betwifelt of de rie dermei reeel dwaande is. Sunder haadlike stimming wurdt neffens it utstel fan boargemaster en wethalders besluten. 15Utstel oangeande it beneamen fan leden yn de emansipaasiewurkgroep. 90/14 1114 m. Hjiroer wurdt it wurd fierd troch de hearen van der Ende, Jansma, Teitsma, Faber en wethalder van Rijn. De hear van der Ende pleitet derfoar dit utstel fan de aginda of te fieren. Dit wurdt stipe troch de hear Faber. De hearen Jansma en Teitsma stelle mefrou Visser kandidaat. It utstel fan de hear van der Ende wurdt mei 5-8 stimmen fersmiten. Foar binne de leden van der Ende, Faber, Dijkstra, Boersma en Ketellapper. Tsjin binne de leden W. Visser, Teitsma, Eisenga, Glas, G. Visser, van Rijn, Jansma en Roorda. De utslach fan de skriftlike stimming: mefrou Bijsterbosch 9 stimmen 4 blanko mefrou Bakker 9 stimmen 4 blanko mefrou Harms 9 stimmen 4 blanko mefrou Visser 8 stimmen 5 blanko de hear van Rijn 9 stimmen 4 blanko 16. Utstel oangeande it beneamen fan in pleatsferfangend lid yn it algemien bestjur fan it C.E.V.A.N. 90/15 1341 m. Hjiroer wurdt it wurd fierd troch de hearen Faber, Jansma en Teitsma. De earste stelt kandidaat it lid Dijkstra. De beide oaren it lid van der Ende. Op de earste wurde 2 stimmen utbrocht op de twadde 11 stimmen. De hear van der Ende is dermei beneamd. 17. Begruttingswizigings 1388 m. Dizze wurde sunder diskusje en haadlike stimming unferoare feststeld. 18. Utstel oangeande it fieren fan in pleit. 90/16 1390 m. Sunder diskusje en haadlike stimming wurdt neffens it utstel fan boargemaster en wethalders besluten. van Deutekom)

Historisch Centrum Leeuwarden

Notulen van de gemeenteraad van Leeuwarderadeel | 1990 | | pagina 109