Fragen oan it kolleezje fan B&W fan de gemeente Ljouwertaradiel n.o.f. de algeraiene skdgings fan de fraksje fan de V.V.D. lA.Is it kolleezje ree nije untjouwingen yn ikkerbou en feehdlderij te stimulearjen, fansels wol passend yn bestemmingsplannen ensafuorthinne B. Is it kolleezje ree hjiroer kontakt op te nimmen mei de krite koramisje fan de lanbou wat yn dizze de mooglikheden binne. C. Is it kolleezje mei us fan betinken dat der neist nasjonale en provinsjale beprkende bepalingen oangeande de agraryske sektor net ekstra gemeentlike foarskriften komme meie. 2. Is it kolleezje ree in bak foar chemysk dffal tidens de wykmerkdagen op it merkterrein te pleatsenen der in doelmjittige reklamekampagne foar te fieren. 3. Is it kolleezje mei us.".fan betinken dat de ferkearssitewaasje yn de Langebuorren net ideaaal is. Sa ja, kinne en wolle jimme dSr dan ek by de plysje op oantrune dat de regels neilibbe wurde en dat hja sa nedich ferba- lisearjend optrede. 4A. Is it kolleezje it iens mei us soarch oangeande de subsidiearring fan it A.M.W. B. Is it kolleezje mei us fan betinken dat it undersyk by "Madinof" ek foar us fan belang weze kin. C. Is it kolleezje mei us fan miening dat it foarmjen fan in federatieve foarm yn dizze posityf benadere wurde moat. D. Is it kolleezje ree in dudlike foarm fan susidiearjen b.g. yn de geast as by it G.C.O. (basis +ekstra ofname) te besjen en op regionaal nivo te stypjen. V.V.D fraksje Ljouwerteradiel H.A. J.Boersma

Historisch Centrum Leeuwarden

Notulen van de gemeenteraad van Leeuwarderadeel | 1990 | | pagina 10