Federalistyske partij foar Fryslan. SKOGINGEN F.N.P. 1989 1. Foarsitter, leden van'e Rie, al wer in jier foarby. Tiid om efkes sCil te stean, om it ofrune jier oan us foarby gean te litten en te knypeagjen nei it kommende jier. 2. Yn't foarste plak wolle wy wat fierder sjen as us eigen, faaks wat beheinde wrald. En dan kinne jo der net omhinne, dat it allesoerhearskjende grutte barren hjoed de dei is, it wrakseljen. fan al dy Easteuropeanen om frijheid foar harsels en harren bern. It ofsmiten fan in rezjym, in ideology, werfan it neakene fallyt no iepen en bleat oan'e line hinget. Wy winskje harren dyselde frijheid fan tinken, fan sizzen, fan skriuwen en fan libjen, der't wy hjir, mei al syn lekken en brekken, sa wiis mei binne en wat wy sa fansels fine. 3. Yn us eigen lan in nij regear. Hja sitte krekt yn't seal en wer it traapjen op de pedalen de reis bringt, wy wachtsje it mar of. De opposanten fan foarhinne hawwe no wichtige posten en ferantwurdlikens krigen. Nei jierren fan it better witten kin men it no wier meitsje, al sil it grif net utdraaie op it utdielen fan grutte bosken roazen. Wy wachtsje it 4. Ien ding is wis: Braks is bleaun en it bliuwen fan Braks betsjut foar us bouboeren, dat yn harren bestean gjin sicht op in bettere takomst^is. Brussel regeart en Braks is de boadskiprinder dy1t foar us gefoel nul komma nul ynfloed hat, Dom, dat de organisaasjes yn Fryslan der net oan tocht hawwe om in ponge jild yn it ferkiezingsfuns fan it C.D.A. te stoarten, lykas men yn Braban dien hat. It is in griis, foarsitter, dat us lansregear foar dit diel fan us folk it blykber wol leaut. Nee nee wy sille net wer in moasje hjiroer yntsjinje! Dy wurdt dochs fersmiten, wan opstean tsjin de eigen pommeranten, dat doart dizze Rie net.

Historisch Centrum Leeuwarden

Notulen van de gemeenteraad van Leeuwarderadeel | 1990 | | pagina 31