- 2 - Sels in sinjaal doart men net of te jaan, en dat, wylst men der sels sa nau by belutsen is. It wie faaks better, dat in grut bedriuw mei een pear hunderd wurkplakken fallyt gien wie. Dan komme kolleezjes en rieden oerein en sprekke harren soarch ut. Is dit eins net allyk? Wer giet it hinne mei Noard-Fryslan? Mei de bouhoeke? Mei de doarpen? Mei de skoallen? Mei de leefberens? Lit it mar utstjerre, sa as in amtner op it provinsjehus al min as mear suggerearre hat? It is us polityk net en wy soene dan ek oproppe wolle ta in nij elan yn Fryslan. Want it is in protte mei troch eigen sleauwens. Jild, wat yn Brussel te krijen is, litte wy lizze, om't wy sa't liket gjin fisy op us eigen takomst hawwe. Hjir leit ek in taak foar us lanbouorganisaasjes en provinsjaal bestjoer Net harrewarj e en klieme, mar der op stean, dat der in flink bedrach ut Brussel komt, om te besykjen om oare gewaaksen op de klaai te telen, wer in stik brea yn te fertsjinjen is. Kennis en jild om de bouboer der wer boppeop te helpen. Troch skea en skande sil men, hoopje wy, ta in nije takomst komme kinne, werby de earste risiko's dutsen wurde moatte troch de europeeske mienskip. De grun braak lizze litte en de boeren mei wat jild utkeapje it is dochs in griis. Dan sil ek us boeren de rech der wer under sette moatte. It kin net oars! Net bang weze undemimmer te wezen! De han wer oan'e skeppe! 5. Wat us gemeente oangiet, twa positive saken fan dit ofrune jier springe der dudlik tit. Yn grutte gearwurking tussen gemeentebestjoer, gemeentewurkensteatsbosk- behearde ruilferkaveling en neam alle oanbelangjende ynstansjes mar op, is yn ruchwei in healjier it plan "Heechhof" letterlik en figuerlik ut'e grun stampt. En no tilt it der op fan de aktiviteiten. It docht bliken dat yn goede gearwurking in protte fluch en goed kin. Spitich, dat ien riedslid foar Omrop Fryslan nochal wat negative luden hearre litten hat oer Stiens en syn foarsjennings Wie dat no nedich?

Historisch Centrum Leeuwarden

Notulen van de gemeenteraad van Leeuwarderadeel | 1990 | | pagina 32