- 4 - 9. Wat it keatsfjild annex iisbaan yn Stiens oanbelanget: wy binne sa njonken- lytsen ferbjustere. It bliuwt lijen en griemen. In pear jier lyn hawwe wy yn us skogingen alris frege oft der yn us gemeente net in pear praktyske minsken te finen binne, dy't fcrstan fan grun en draineren hawwe. Ik soe der mei klam wer op wize wolle! Ien ding: it moat no lang om let goed! 10. It "Peru-projekt" foarsitter. Hat dit noch wol doel? Fest stiet, dat it alhiel net libbet by us befolking. Peru-projekt? Wat is dit? Nea fan heard. Sa binne de reaksjes. Wy miene dat, as dit projekt ofrun is, wy us besinne moatte, as dit soart projekten in gemeentlike taak is. Ryksoerheid, tsjerken, in great tal fan organisaasjeshja dogge alle- gearre oan untwikkelingshelp. In hiel goede saak, lit dat foarop stean, mar as us befolking der oan mei dwaan wol, dan kin men better fia tsjerken en organisaasjes helpe. Ut de gemeentekas jaan, is gjin jaan troch de befolking sels. 11. Wat tis slim offallen is, foarsitter, is dat it Sosjaal Kultureel Wurk, neffens in meidieling yn'e Stienser Omropper, aktiviteiten ofstjit as ynkrimpt fanwege besunigingen. Men gie der altyd grut op, dat men mear as hundert frijwilligers hie. Wie men no net by machte om mei dizze frijwilligers en wat mear ynventivi- teit dit foar te konimen? Ek de sport hat hiel wat besunigingen foar de kiezzen krigen, faaks noch mear as it sosjaal kultureel wurk. Mar ik haw net heard, dat earne yn us gemeente sportaktiviteiten of- stjitten binne. Ek dat is frijwilligerswurk! 12. Fierders foarsitter, wat de sport oanbelanget: flinke ferhegingen foar akkomodaasjesmei namme foar de butensporten, ynkrimping fan de jeugd- subsydzje, sadat it net folle mear foarstelt, meisnobje fan de opbringst fan reklameboerden, ek as gemeente noch wat fertsjinje wolle oan de besparring foar de reinigingstsjinst, dy't mei it opheljen fan ald-papier berikke wurdt, minimaal underhald oan sportfjilden, it fersuterje litte fan akkomodaasjes it begjint wat op in sportunfreonlik belied te lykjen. Mar hjir wurdt hiel wat yn't belang fan us befolking en us jeugd dien, foarsitter. Dit mei perfoarst net yn'e delklets reitsje!

Historisch Centrum Leeuwarden

Notulen van de gemeenteraad van Leeuwarderadeel | 1990 | | pagina 34