- 5 - Wy binne wolris fan betinken dat by in grut pare fan it kolleezje en de rie kultuer en wolwezen alles is en spore no ja spore! Litte wy feststelle, dat de sport in wicheich stik wolwezen is, dat net yn'e benearing komme mei! In stimulearjend sportbelied hawwe wy yn elcs gefal net. It kolleezje soe der ris oer eeset moatte. 13. Foarsitter, wy leze oer plannen om te kommen Ca in multifunksjoneel sinerum yn Stiens, wy hawwe in kommisje akkomodaasjes yn'e libbcn roppen, dy't utstelt minimaal 75.000,gune jiers hjirfoar frij te meitsjen, de alderein moatjfcw us oratinken hawwe, berneopfang, in goede saak, moat us omtinken hawwe Allegearre winsken mei priiskaartsjes der oan! En dermei kom ik ta de begrutting. Dizze slut mei in flinke ferheging fan de offalstoffenheffing. Wy hawwe der by de oanbieding fan de begrutting fan de himmeltsjinst al it nedige fan sein. In slutende begrutting mar hoe? Wat saken utstelle, skowe neamt it kolleezje dat, wat ekstra ofskriuwe ta neidiel fan de reserves en dat is it dan. Neffens us is de dekking ek noch 14.198,te min, want de ferheging fan de offalstoffenheffing smyt net it bedrach op, sa as yn'e oanbied- ingsbrief neamd wurdt. Jo kinne dat neirekkenje oan de han fan it tal perselen op side 155 fan'e begrutting. In begrutting nei't wy fan betinken binne, sunder fisy, foarsitter. In begrutting fan in kolleezje, dat skynber de piip ut hat en bliid is, as it mei keunst en fleanwurk de saak run hat. HS, he, takomme jier sjogge wy wol wer. Mient it kolleezje sa fierder gean te moatten? Wy hawwe greate soarch oer ien en oar. Dizze simmer hawwe de fraksjes fragen oer de finansiering fan it beliedsplan en it mearjierren-ynvestearringsprogram al in kear op harren boardsje han. Doe sieten wy ek al tsjin tekoarten oan te hikjen. Wy hawwe doe besocht in oanfetsel te jaan yn hokker rjochting it miskien ta in reele oplossing komme koe. De oare fraksjes hawwe doe dudlik mei de hannen yn't hier sitten, want fan harren is by myn witten nea in earnstich andert kommen. Wy hawwe hjir yn elts gefal nea wer wat fan sjoen as heard. Wy hawwe us doe yn elts gefal wol offrege, hoe wy yn de kommende jierren de te ferwachtsjen tekoarten dekke moatte.

Historisch Centrum Leeuwarden

Notulen van de gemeenteraad van Leeuwarderadeel | 1990 | | pagina 35