Algemiene skdgings 1989 fan de V.V.D. Foarsitter 1989 hat in wichtich jier west, foar us gemeente, mar seker ek op ynter- nasjonaal med. Hoewol it us gewoante net is yn dizze seal op de ynternasjonale polityk yn te gean, kin ik dit yn dit gefal net litte. It barren yn de East-blok lannenmakket sa'n grutte yndruk op us allegearre, sadat we der net omhinne kinne. Wat yn Poalen begun is, is as in oaljeflek troch de oare East-blok lannen gien. Bylden komme by us oer, minsken witte net wat harren oerkomt, dat se foar har miening utkomme kinne. minsken dy't fjochtsje moatten ha foar in frijheid, dy't wy sa gewoan fine. De moeting ^tusken de presidenten Bush en Gorbatsjof op Malta begjin dizze moanne hat it ein fan de kalde oarloch ynlaat. Nimmen hie tinke kinnen dat de feroaringen yfl elkoar sa hurd opfolgje soene. We kinne stelle dat de dfrune moannen histoarje skreaun is. Werom nei Ljouwerteradiel. Ek foar us gemeente hat 1989 in wichtich jier west,mar wol op in hiel oar med. It realisearjen fan de dyk Bjouwert Stiens, better let as net. It nije plan "it Heechhof" wer't yryie^ earstee fasa de huzen fan de grun kommeDe ferbetteringen yn Aide Leye eb eK de"" W/7 ruilferkaveling ljouwerteradiel hat fier hinne syn beslach krigen. Ek de duobak is in wichtige stap foarut, sa wurdt it miljeuprobleem by de boarne oanpaktFoar safier in weromblik op it dochs wol wichtige jiet 1989. Der wurdt wolrid sein dat bestjoeren foarutsjen is. Ek us fraksje wol middels dizze skdgings de kans nimme us blik foarut te rjochtsjen wat us gemeente oanbelanget. Dat der dit jier, utsein de fersmoargingsheffing gjin belestingferheging ut de begrutting kommen is docht us goed. Hjir blykt lit. dat der ek rekken halden is mei de polityke winsken. De besunigingen fan de Ryks-oerheid nei de gemeentes ta,ha yn de 5frune jierren grutte foarmen oannommen. No't der in nij regear kommen is, moatte wy dfwachtsje hoe't dit yn de takomst weze sil, folle ferdusje ha wy der net yn. As ik dan yn de "Nederlandse Gemeente" numer 44 lezen ha dat de oanpassingen yn it regearakkoord foar de gemeenten net tarikkend is, wurd ik der net restiger op. Nederlan hat al net sa'n geunstich belestingklimaat en ek de leechste oerheid, de gemeente, moat syn finansjele mooglikheden en dnmooglikheden goed ofwageWat no ek bard is. I

Historisch Centrum Leeuwarden

Notulen van de gemeenteraad van Leeuwarderadeel | 1990 | | pagina 6