Mei oare wurden,wy binne fan betinken, dat de boarger al swier genfich beleste wurdt. It stanpunt fan us fraksje oer it frijstellingbelied oangeande gemeentelike tarieven is yn dizze seal bekend. Dat wy hjiryn net alinne steane,die bliken tidens de kursus oer gemeentefinansjesDe hear van Zanten, docent fan dy kursus, stelde-ik sitearje, Gemeentelijke belasingen lenen zich niet voor kwijtscheldingsbeleid. De rijksoverheid bepaalt de hoogte van de belastingen, de gemeentelijke belastingen zijn zakelijke belastingen. Dizze problematyk wie ek oan de oarder tidens de gearkomste sosjale saken VN(i fan de VGN op 22 juny yn Den Haach. De hear Hoen stelt der foar in kwytskeldingsbelied te wezen, mar dan alinne as de gemeente dat dan wer fergoede kriget fan it ryk. As men it der oer iens is, dat de keapkreft te rain is as der gjin frijstellingen ferliend wurde, sil it basisbedrach omheech moatte. De 20%-noarra liket no fan de baan te wezen mar we moatte us wol realiseare, dat alle jild utjoun oan frijstellingen wol oer de 10% hinne komt. Lokkigernoch is it bedraclp&foch net feruntrestend. Hoe't de rie der nei maart 1990 ek ut komt te sjen, wy binne de ofroune jierren wol gewaar wurden dat de beamraen net mear oan de himel tagroeie. DSr ha wy no rekken mei te halden en der sil ek nei maart 1990 rekken mei halden wurde moatten. Der sille prioriteiten stelt wurde moatte, dy't fansels foar de ien oars lizze sille, as foar de oar. Yn dizze is in mearjierrenrflzing en faaks noch mear in mearjierrenplanning fan grut belang. It fait us hjir op dat der bygelyks swier? ynvestearingen plant steane op it med fan de automatisearring. Wy witte wol, dat je in dflbeltsje ut j aan moatte om in kwartsje te fangen, mar wy freegje tis wol <5f as sokke hege bedragen foar us dochs lytse gemeente ferantwurde binne. Foar 1992 is der in doelmjittigensundersyk plant. Soe it ek ferstannich weze kinne om dit undersyk mei om de hjir foar neamde reden nei foaren te heljen. Automatisearring sil grif gefolgen ha foar funksjonearen en besetting fan it persoaniel. De wurkgelegenheid yn us gemeente is sterk orientearre op de agraryske sektor. De boeren sels, mar ek de taleveringsbedriuwenbanken, ferwurkingsbedriuwen, ensafuorthinne binne nei besibbe oan dizze sektorDe agraryske sektormei alles wat der by heart wie en is foar us gemeente dan ek fan grut belang. Benammen yn de ikkerbou is der in sitewaasje dy't foar de belutsen minsken net sa aardich is. Wy freegje us Sf as wy as gemeente ek in taak ha kinne yn it b.g. stimulearjen fan nije untjouwingen yn ikkerbou en feehSlderij It giet net oan dat plattelansgemeenten yn dizzen noch mei ekstra maatregels en feroardeningen komme boppe datjinge wat oplein wurdt troch ryk en provinsje. Dat de plannen fan minister Braks in probleem foar de lanbou ynhalde kinne is benammen foar Fryslan seker. It ferset fan de provinsje yn dizze sil,

Historisch Centrum Leeuwarden

Notulen van de gemeenteraad van Leeuwarderadeel | 1990 | | pagina 7