14 LEEUWARDERADEEL GEMENTE Nummer fan de wurklist: 14. Utstelnummer90/38. Stiens, 19 maart 1990 Underwerp"Swalk-boekjes" Oan de gemeenterie De Feriening Lytse Doarpen Fryslan hat it inisjatyf nommen ta it meit- sjen fan boekjes mei d§ryn saneamde "swalk-rutes"Boekjes mei fyts-, kuier- en kano-rutes. Omtrint de bedoeling fan de FLD sitearje wy: "Fan of it begjin wie de bedoeling fan dit projekt, om folle mear ienheid "te bringen yn de presintaasje en reklame fan de ferskate rutemooglikhe- "den, mei tagelyk dertroch in stik stimulearring fan de lytse bedriuwen, "yn de horeca en ferhier-sfearIt Wichtichste bykommende motyf is in "goede promoasje fan us plattelan en de protte lytse doarpen yn de foarm "fan in goede beskriuwing yn de rute-boekjes werby foaral de kultuer- "hystoarje nei foaren komt. "Hast alle gemeenten binne al aktyf west op dit terrein fan de lytsskali- "ge rekreaasje, of se binne dwaande mei it utwurkjen fan plannen. Ek fan "oare ynstansjes en ynstellingen is der wurk nei buten kommen, of se haw- "we plannen. "Dit haldt it gefaar yn fan tefolle fersnippering yn allehande rutes, mei "ek te min kans foar it bedriuws-libben om der goed op yn te spyljen. Om- "dat it faak wol giet om op himsels goede inisjativen, sil der measten- "tiids subsydzje frege wurde foar al ditsoarte "losse" plannen. Dertroch "driigje dy subsydzjes ek temin rjochte te wurden op in goede totale "planning "As Provinsje en gemeenten it iens wurde koene oer in mienskiplike oan-* "pak fan de boppe-bedoelde lytsskalige rekreaasje, dan soe derfoar in "dudlike planning utsetten wurde kinne". De kosten foar it opmeitsjen en drukken fan de boekjes foar it gebiet tus- ken Harns-Holwert en Feanwalden, wurde begrutte op sa'n f 33.000,Oan de gemeenten yn dit gebiet (9 stiks) wurdt frege dit bedrach troch bydra- gen by elkoar te bringen. Derby is in ferdieling makke neffens belang en grutte fan de gemeenten en it oantal doarpen. Sjoch fierder de stikken dy't op besjen lizze. Seis fan de njoggen gemeenten ha yntusken de frege bydrage al tasein. Fan Ljouwerteradiel wurdt in bedrach fan f 4.000,frege. Wy binne de miening tadien dat de gemeente ut eachpunt fan promoasje fan it platte lan en de lytse doarpen belang hat by dit projekt fan de FLD. - 2 -

Historisch Centrum Leeuwarden

Notulen van de gemeenteraad van Leeuwarderadeel | 1990 | | pagina 42