De burgemeester zegt de Commissaris dank voor z'n woorden. Gevraag wordt dus enige verduidelijking, vooral over de paragraaf van de eventuele vrouwelijke kandidaten. Wie wol der in dudlik, helder antwurd op jaan. De hear Teitsma: Ik gean net wer op de somen yn dy't de kommissaris nei foaren brocht, hoewol ik noch in pear moaie yn de buse hie. Mar ik fyn it flau om der wer op yn te gean, dus doch ik dat net. De kommissaris freget helderheid oer de portefeuille fan de boargemasterIk tink dat der wol degelik rekken mei halden wurdt, dat de boargemaster ek belangrike porte- feuilles kriget. Dat leit wol yn de lijn. Dan noch even "met het oog op Wy ha earst ek wakker hjiroer sitten te stinnen. We hiene der earst in oar wurd foar. Mar ik wol it ut namme fan myn partij sa utlizze. Ik ha al in pear kear sein "gelijkwaardig"der gean wy ek fan ut yn us betooch doe't wy seinen fan by gelykwaardigheid soene wy graach in PVDA-boargemas- ter ha wolle. Ik wol dat ek troch luke. As it "gelijkwaardig" is, dan soe us foarkar utgean nei in frou. De hear Van Rijn: wat de portefeuilles oanbelanget iens mei de hear Teitsma. Ik wol der oan tafoegje dat ek de koordinearjende funksje fan een boargemas ter in sekere kennis understelt fan de wichtigste terreinen fan belied. "Het oog hebben voor", foar de CDA fraksje betsjut dit dat wy konstatearje dy achterstan fan froulju wat it boargemasteramt oanbelanget der is. Derut wei fait it tige goed te billikjen by gelykbliuwende kapasiteiten dat in frou beneamd wurdt. Wy wolle net yn de profylskets op foarhan sizze dat it in frou wurde moatte soe. Wat dat oanbelanget jildt mear de kwalitative of- weaging der't de Kommissaris terjocht op wiist hat. Mar wy ha yn de profyl skets toch blike litte wollen dat wy yndie dat aspekt sjogge, signalearre hawwe en dat wy us yntinke kinne dat dat meispylje kinne soe yn de prose- duere. Fjirder bin ik it folslein iens mei wat de Kommissaris sein hat oer de partij-politike ynfalshoeke. Primair steane ek foar de CDA fraksje ek de kwaliteiten. Ik ha allinne oan jaan wollen dat in ferhaal foar in CDA-boarge- master te ferdigenjen fait. Mar primair stean ek foar us fraksje de bestjoer- like kwaliteiten fan de kandidaten en de ofweaging sil ek rjochte weze moatte op dy kwaliteiten. De hear FaberIk tink wannear as wy de boargemaster krije dy't wy us dan foarstelle, dy't wy yn de profylskets dan ek sketst ha, dan is dat fest in goeden ien en dan gean ik der fan ut, dat dy man ek portefeuilles tabe- trout is. Ek mei it feit omdat we twa hagelnije wethalders hawwe. Dan sil it in frij goede saak weze dat it in boargemaster is, dy't belein is yn ekonomyske saken,, in finansjen enieksetera en al sa mear. Dat ik bin fan tinken, de boargemaster fan no hat ek in tal fan portefeuillesIt is frij seker dat ut dizze rie komme sil, teminsten ut de FNP fraksje wei, dat dizze boarge master as dat in betuften ien is, wer't ik fan utgean, dat dy ek dy porte- feuilles kriget. Want yn it ramt sjoen fan it hiele nije kolleezje l.eau ik dat it sels winsklik is. Dat woe ik der fan sizze. De hear Boersma: Ik bin fan miening dat mei namme yn in lytse gemeente de boargemaster sunder mear portefeuilles ha moat en ek wichtige portefeuilles ha moat. Uteinlik, dy is full-time. De wethalders dy der sitte binne part- time. Je kinne alles net yn ien kear behappe. Dus ik fyn it hiel logysk dat de boargemaster portefeuilles en ek wichtige portefeuilles hat. De Commissaris der Koningin: ik ben blij toch dat ik die twee nadere vragen heb gesteld. Ik denk dat het heel erg belangrijk is, juist ook gezien de discussie die je hier en daar in sommige gemeenten nog al eens hoort, dat zeer nadrukkelijk alle fracties hebben gezegd, wij vinden dat de nieuwe burgemeester toch ook een aantal inhoudelijke portefeuilles moet hebben. Ik ben het overigens daar persoonlijk ook helemaal mee eens.

Historisch Centrum Leeuwarden

Notulen van de gemeenteraad van Leeuwarderadeel | 1990 | | pagina 10