Bij gelijkwaardlgheid van kandidaten heeft de raad de voorkeur voor een PvdA-burgemeester"Dat wie eltse fraksje net mei us iens. Werom mienden en miene wy dat dlt in rjo.chtfeardige winsk is. Net allinne ut in stikje tradysje miskien. Hoewol wy as gemeente ien fan de earsten yn dit lan wiene dy't in sosjalistyske boargemaster hienen, der binne mear redenen. Wy binne hoewol it de PvdA bij de leste ferkiezingen net foar de wyn gien is, noch de grutste partij bleaun yn dizze gemeente. As ik sa frij weze mei en ik sjoch dat noch wat breder en ik gean nei de politike ferhaldingen yn Fryslan dat sjogge je hjirekwat lanlik de tendins is, tink ik. Dan sjogge wy dat de ferhalding fan kiezers as ik dat yn prosinten utdruk en ik druk ek yn prosinten it tal boargemasters dat hjir funktionearret yn dizze pro- vinsje, dat dan direkt nei 21 maart, dan wol ik hiel koart en ik run dat of, dan leit it yn us provinsje sa: CDA - 32% kiezers - 42% boargemasters PvdA - 32% kiezers - 35% boargemasters WD - 10% kiezers - 19% boargemasters D66 3% kiezers gjin boargemaster FNP 5% kiezers gjin boargemaster klein rechts - 4,2% kiezers - ien boargemaster groen links - 4% kiezers gjin boargemaster De gemeentlike partijen lit ik der by buten beskouwing. Sawol it CDA as de WD binne wat it tal boargemasters betreft, noch al wat oer fertsjinwurdigeWurdt net yn dizze gemeente in PvdA boargemas ter beneamd, dan komme de ferhaldingen wat de grutste partijen betreft, nei us betinken noch briker te lizzen. Dy boadskip woene wy menear de Kommissaris graach mei jaan. De hear Faber smyt it op in oare basis as de hear Feitsma. We binne net mear de fjirde partij, mar de tredde. It gemeentebestel is der seker noch net sa bot ta wend en it komt by herheljen foar dat wy it underste dubeltsje binne en noch nea it kwartsje wurde kinne Seker, no, wy binne de tredde partij yn dizze gemeente. Menear de Kommissaris, foarop leit troch de rie in al makke profylskets fan in nije boargemaster. Alle goede dingen dy't men yn san heechste ambtsdrager yn in gemeente graach sjen wol, steane hjir yn utweide. Wy freegje in tuzenpoat en dy sil der grif net weze. Derom freget de FNP-fraksje in goeden ien, dy't mei fisy en belied dizze gemeente liede kin. Jo ha as Kommissaris hjir in wichtige stim yn. Wy binne der wis fan dat jo in passende bestjoerder mei us utsykje sille. In boargemaster moat foldwaan oan de profylskets, dat is net it gefal west mei eventueel nij oan te stellen wethalders. Der beslut in meartal oer eigen minsken en wy sitte yn oer it feit, dat wy straks in gehiel nij kolleezje hawwe. Wat de nije foarsitter foaral hawwe moat is it fernaamste om fan dizze no noch frij griene wethalders as foarsitter der passende bestjoerders fan te meitsjen, dy't dan mei takt, fisy en kennis stjoer jaan kinne oan dit bestel. Wat de politike kleur fan de nije boargemaster oanbelanget is in passende bestjoerder wichtiger dan de kleur. Mar ofweagjend de posysje fan de FNP en mei namme yn us gemeente soe in FNP—er as boargemaster net op foarhan utslu— ten weze moatte. Foarop stiet dan wol dat in FNP-er sollisitearret en neffens jo de bekwaanheid hat foar dizze funksje. Wat by de boargemasterbeneaming yn ien fan us neiste noardlike buorgemeenten bart is jout us de moed om dit foar te stellen Foar it oare Kommissaris winskje ik jo alle wiisheid ta en ta in goed beslut te kommen Tankjewol.

Historisch Centrum Leeuwarden

Notulen van de gemeenteraad van Leeuwarderadeel | 1990 | | pagina 5