De hear Van Rijn: de CDA fraksje kin him fine yn de profylskets yn syn totaliteit. De CDA fraksje kin hem ek fine yn wat de hear Teitsma ut nam- me fan alle fraksjes nei foarren brocht hat en it sil jim gjin nij dwaan dat de CDA him net fine kin yn it leste underdiel fan syn betooch. Hy hat dudlik sein, de hear Teitsma, dat hy op dat punt fit namme fan syn fraksje spruts. De hear Teitsma hat dat sels al oanjun. En dat part fan syn betooch gong oer it partijlidmaatskip fan de nij te beneamen boargemaster. De CDA fraksje hat der gjin ferlet fan om har yn it foar yn de profylse*ets al fest te lizzen op de politike kleur fan de boargemaster. Ik wol der noch it nei- folgjende oan tafoegje. We kinne in hiele protte sifermatige berekkeningen opsette, mar dat wol ik net dwaan. As je de berekkeningen fan de hear Teitsma omrekkenje, net nei gemeenten mar nei tallen ynwenners, dat bestjoerd wurdt troch respektievelik in PVDA, CDA, VVD - boargemaster, dat it byId dan oars komt te lizzen, mar ik sil dy eksersysje op dit stuit net oanhelje. Ik wol der op wize, dat yn de periode soent de beneaming fan boargemaster Boschma yn 1969 it CDA, of al de partijen dy't yn it CDA opgongen binne,terreinwinst boekt ha yn de gemeente Ljouwerteradiel. Ik tink dat it belied wat de benea ming fan boargemasters oanbelanget der mei namme op rjochte is om te sjen nei de politike sitewaasje yn de gemeente sels. Derom soe, as we ek noch in tal oare faktoren yn oanmerking nimme, bygelyks ek de beneaming fan boargemasters- posten nei partij - politike rjochting yn de buorgemeenten, dan soe it pleite foar in CDA-boargemaster allerminst unridlik weze. Sa'n pleit fait hiel goed te ferdigenjen, dat is de opstelling fan us fraksje. Fan us fraksje steane lykwols de bestjoerlike kwaliteiten fan de man of frou primair. Dy kwaliteiten binne runom te finen yn it CDA mar dy binne ek oanwezich fansels yn oare par tijen. It giet us om in boargemaster dy't goed by steat is om yn kollegiaal oparbeidzjen mei B. en W. en yn oerliz mei de gemeenterie mei lieding te jaan oan de eigen dynamiek fan Ljouwerteradiel en in boargemaster dy't affiniteit hat mei it kulturele klimaat yn us gemeente der't de twataliges fansels ek in wichtich element fan is, benammen op die punten kinne wy us folslein fine yn de profylskets en mei namme ek op dy punten wol ik de wurden fan de hear Teitsma ut namme fan de rie as gehiel graach understreekje. De hear Boersma: de VVD fraksje kin him fine yn de profylskets sa't dy foar- leit. De hear Faber neamde krekt it wurdsje "tuzenpoat". Sa is it mar krekt. Hjir wurdt eigenlik in tuzenpoat frege, mar wy binne reeel genoch om te wit- ten dat we ien krije mei twa. En as er mei beide fuotten op'e grun stiet dan is dat al in hiele haal en binne we in hiel ein op stap. Wy binne fan miening, sa stiet it ek yn de profylskets, dat de boargemaster as haad fan de gemeente, as foarsitter fan de rie, boppe de partijen stean moat en wat dat oanbelanget is de politike kleur foar us fan minder betsjutting. As it mar in goeden is. Wy moatte ien ha, is us miening, dy't ynfiert is yn de problematyk op it platte lan. Ik tink hjir bygelyks oan romtlike oardering, underwiis. Der binne hjir wol mear dingen oer de tafel gien. Dat binne de wichtige punten dy't yn de takomst op us ta komme en wer't op ynspile wurde moat. Der sil in x-oantal sollisitanten weze. We moatte besykje meiinoar om de beste der ut te heljen. De commissaris der Koningin gaat in op de profielschets die zopas is gegeven. Vooraf wil hij enige informatie geven over a. het sollicitantenveld b. het verdere tijdpad van de pro cedure Binnen de termijn hebben 28 kandidaten gesolliciteerd. Een vrij fors aantal. Op zichzelf wel begrijpelijk gezien de omvang van de gemeente. Je ziet vaak in de praktijk hoe groter de gemeente is hoe minder sollicitanten. Dit is zo'n beetje het gemiddelde wat je voor een gemeente met de grootte van Leeu- warderadeel kunt verwachten. Maar het is in ieder geval een fiks aantal en wat belangrijker is, als we zien naar de achtergronden van de sollicitanten zit er zeker wel een aantal bij waarvan ik op zichzelf zou willen zeggen dat ze in beginsel geschikt zijn om hier burgemeester te worden.

Historisch Centrum Leeuwarden

Notulen van de gemeenteraad van Leeuwarderadeel | 1990 | | pagina 6