LEEUWARDERADEEL
GEMEENTE
Beslutelist fan de riedsgearkomste fan 25 oktober 1990.
Oanwezich: mefrou Visser, de hearen Faber, Dijkstra, Boersma,
van der Ende, Teitsma, Eisenga, van Rijn, de Vries,
Ketellapper en de wethalders mefrou Glas en de hear
Jansma
Ofwezich de hear van der Heide (mei kundskip)
Foarsitterde hear Bijl (boargemaster)
Siktaris de hear Dijkstra (loco-siktaris)
-o-o-o-o-o-o-
Ban II 0000 m. - 2190 m.
1. Feststelling fan de beslutelist fan de riedsgearkomste fan de 27e
septimber 1990
De foarsitter dielt mei dat it kolleezje besluten hat punt 17 fan de
wurklist werom te luken.
Oan de wurklist binne taheakke:
punt 19
Utstel oangeande tariedingsbeslut bestimmingsplan "Stiens-industrieterrein"
(Bokma B.V., Truerderdyk/It Noarderfjild)
punt 20
Utstel oangeande garansje hypotekere jildliening J. Feenstra.
Nei oanlieding fan de beide moasjes merkt mefrou Visser op dat it
gebruklik is dat de tekst fan moasjes yn de beslutelist opnommen wurdt.
De foarsitter hat der gjin beswier tsjin dat de tekst fan beide moasjes
oan de beslutelist taheakke wurdt.
2. Ynkommen stikken en meidielings
Hjiroer wurdt it wurd fierd troch de hearen de Vries (II/c) en
Eisenga (Ill/b)
Sunder haadlike stimming wurdt neffens de utstellen fan it kolleezje
besluten.
3Utstel oangeande fyfde wiziging utkearings- en pensjoenoardering wethalders
Sunder diskusje en haadlike stimming wurdt neffens it utstel fan it
kolleezje besluten.
4. Utstel oangeande beneaming leden ferskate kommisjes Regio
Hjiroer wurdt it wurd fierd troch de hearen van Rijn, van der Ende,
Eisenga en de foarsitter.
De hear Eisenga docht in utstel om it mooglik te meitsjen ek riedsleden
yn de Regio-kommisjes te beneamen.
Mei 7 tsjin 5 stimmen wurdt dit utstel fersmiten.
Sunder haadlike stimming wurdt neffens it utstel fan it kolleezje besluten.
-2-