- 2 - 5. Utstel oangeande de beneaming fan de kommisje fan undersyk oangeande de gemeenterekken fan 1989. Troch de foarsitter wurde oanwiisd de hearen de Vries, van der Heide en Dijkstra. 6Utstel oangeande de beneaming leden kolleezje foar de ferliening fan bystan. Mei algemiene stimmen wurde de troch it kolleezje oanbefelle persoanen beneamd. 7Utstel oangeande de ferklearring fan gjin beswier foar de ynstelling bestjoerskommisjeFrysk Optreden fan Smoarge Kuolkasten (FROSK) Sunder diskusje en haadlike stimming wurdt neffens it utstel fan it kolleezje besluten. 8. Utstel oangeande ferkeap restkavel bestimmingsplan "Britsum-Sud-East" Hjiroer wurdt it wurd fierd troch de hearen Ketellapper, Boersma en Faber, mefrou Glas en de foarsitter. Sunder haadlike stimming wurdt neffens it utstel fan it kolleezje besluten. 9Utstel oangeande de untwikkelingsfisy op it stedsgewest Ljouwert. Hjiroer wurdt it wurd fierd troch mefrou Visser, de hearen Dijkstra, Boersma, van Rijn en de foarsitter. Sunder haadlike stimming wurdt neffens it utstel fan it kolleezje besluten. 10. Utstel oangeande programma basisedukaasje 1991. Hjiroer wurdt it wurd fierd troch mefrou Visser, de hearen Dijkstra en Jansma en de foarsitter. Sunder haadlike stimming wurdt neffens it utstel fan it kolleezje besluten 11. Utstel oangeande beneaming leden emansipaasjewurkgroep. Mei algemiene stimmen wurde de troch it kolleezje oanbefelle persoanen beneamd 12. Utstel oangeande beneaming lid wurkgroep "Untwikkelingsgearwurking en solidariteit" Mei algemiene stimmen wurdt de troch it kolleezje oanbefelle persoan beneamd. 13Utstel oangeande kollektive oansluting op it kabelnet fan de wenten bij Skilhiem en it feststellen fan it taryf derfoar. Hjiroer wurdt it wurd fierd troch de hearen de Vries en van der Ende, mefrou Visser, de foarsitter en de hear Jansma. Sunder haadlike stimming wurdt neffens it utstel fan it kolleezje besluten De VVD-fraksje wurdt achte tsjin stimt te hawwen. -3-

Historisch Centrum Leeuwarden

Notulen van de gemeenteraad van Leeuwarderadeel | 1990 | | pagina 5