Fierders wijdt it kolleezje oandacht oan it underwerp "festiging nije bedriuwen en wurkgelegenheid" It kolleezje beslut dit underwerp mei de opmerking dat fanut it eachpunt an it wen-wurkferkear te beheinen in utwreiding fan de pleatselijke wurgelegenheid stimulearre wurde moat. Wij freegje us of hoe't it kolleezje dit foarinoar tinkt te krijen en of dizze stellingname net al te optimystysk is. Poarsitter wij konme bij it underwiis.Lannelik sjoen mei it yn 1990 tamelijk restich west hawwe, yn us gemeente is der wat begoun te broeien. It neffens us miening unfolwuksen plan om in nije skoalle te bouwen yn Stiens, hat hiel wat teweech brocht. Foarsitter no't jo underwiis oemommen hawwe, freegje wij jo al it mooglike te dwaen on de rest hjir yn Stiens yn it underwiis werom keare te litten. As wij fierder nei it underwiis sjogge,dan binne wij net gerest op de utwurking fan de plannen dy't PvdA staetssitaris fan underwiis Wallage oankundige hat mei betrekking tot it minimum oantal leerlingen fan in skoalle. Benammen de skoalle/Vyn de butendoarpen yn us gemeente soene noch wolris wat risiko rinne kirme. Eh it ferdwinen fan in skoalle yn die doarpen is in swier ferlies. Yn us fierder tinken oangeande it underwiis freegje wij us sa stadichoan 6f of it net tiid wurdt, de neffens us oardiel keunstmjittige ts jinstelling tusken iepenbier en bisunder underwiis op te heffen. Tegearre op wei nei ien iepenbiere skoalle,mei respekt foar inoars libbensbeskoging dat moat toch kinne? Kultuer en rekreaasje-haedfunksje 5- bringt us u.o. bij swimbad "De Middels6".It swimbad is al in pear jier underwerp fan studzje. De wurkgroep is dwaende mei it ynventarissjerjen fan de takomstige mooglikheden. Waj wolle der no net op yn gean,mar it liket us hieltyd moeiliker te wurden on tot in finansjeel ferantwurde opset te koirmen. 0m us hinne binne as wurde de meast luxueuze swimbaden festige. Eh de fraech is hokker rol der straks foar us swimbad weilein is.

Historisch Centrum Leeuwarden

Notulen van de gemeenteraad van Leeuwarderadeel | 1991 | | pagina 11