Fbarsitter de taninmende stroom offal baert soargen. It is in wolfearts-
probleem wurdt der wolris sein.Mar it is in probleem wer't we wol mei
sitte. Oan de iene kant wurdt it miljeu der te swier mei beleste en oan
de oare kant rize de kosten fan de himmeltsjinst de panne ut.
It smoargensprobleem dat losse wij jun sa't wij hjir sitte net op.
Wij binne fan betinken dat it in goede saek is, dat der in wurkgroep
foarme wurdt fan oanbieders fan smoargens en minsken fan de himneltsjinst
om it probleen yn syn hele hear en fear te beljochtsjen en an te sykjen
nei oplossingen.Wat de V.V.D fraksje betreft kant it nochris safier,
dat per hushalding feststeld wurde kin, wat it gewicht is fan de
oanbeane hoeveelheid offal,en dat men oerienkomstig die hoeveelheid%
betellet
Foarsitter wij wolie ek noch efkes stilstean bij de Hinderwet. Bij de
Hinderwetplichtigen is it sa njonkenlytsen bekend wat net kin en wat
wol. Mar faek is it in kwestje fan jild en deimei tiid on oan de
easken fan de Hinderwet foldwaen te kimen.Wij freegje on in soepele
halding yn dit soarte fan gefallen. Tink bijgelyks ris oan de
agraryske sektor,wer't de faktor jild hieltyd mar krapper wurdt
en wer't de easken hieltyd mar heger steld wurde.
Lykwols wer't mei opset sin nije miljeudelikten untstean dy't yn
striid binne mei alles en dy't men te foaren konme kinnen hie,
der sil nei us oardiel kreftich tsjin optreden wurde moatte.
It giet net oan,dat oan de iene kant bedriuwen greate offers bringe
on de saken goed foarelkoar te krijen en oaren mar moedwillich
de rigels oan barren lears laepje.