3 Wat wij dan bedoele is: sjen of it wurk sa effisjent mooglik dien wurdo Binne der wurkmetoden bijgelyks, dy't better, oars dien wurde kinne? Barre der ek dingen, dy't ea ynfierd binne as sinnich, mar dat no net mear binne? Bloeie der noch blomkes fan Katarina? Hoe runt in haad syn 3fdieling? Is er ferantwurdlik foar in feststeld budzjet, wer't er him oan hat te halden? Wurdt it apparaat saaklik genoch fierd of te amtlik? It ferfierapparaat fan gemeentewurken bijgelyks, dtfdlik mei planning of ut'e loese han? Litte wij ek de procedures besjen. Moat it perfoarart sa, of kin it oars, better, koarter om'e hoeke Kin^fcat in partikulier bidriuw dwaan litte ek foriielicher? Samar wat fragen m de f, dy't in partikulier bidniue^himsels elts jier stelt om te oerlibjen0 Em wij sille der op oan moatte, dat it gemeentlik apparaat as in bidriuw sjoen wurd en dat it as in bidriuw laad"'wurde moat, Wij sille mear dwaan moatte mei it selde jild of mei minder, mei "infentivi- teit, seit minister 'd Ancona. Slagget it net, dan sille wij prioriteiten stelle moatte en miskien ris sizze moatte, dit kin net. Spitich, mar der is gjin jild. Meie wij foarstellen yn die rjochting fan it kolleezje ferwachtsje? Wijj. freegje ek de oandacht fan it kolleezje foar de wetterproblematyk yn binammen Srid en d'Orient yn Stiens. Wat is de oarsaak dat der it grutste part fan it jier wetter under de flieren stiet? Wat doocht der net? S&n wenjen foar minsken dy *t gefoelich binne foar focht, is it der net. Wij soenen der graech in notysje fan it kolleezje oer ha wolle en as it kin fansels mei de oplossing der by. Fan jimme as kolleezje wurdt folle frege. Belied meitsje, goed belied, it fait net ta. It is wol foarut tinlcen. Wij moatte der om tinke, dat der net "Ynienen" nij belied is. Huskes begjinne op te knappen, in nije doar foar de branwacht en dan korame mei plannen om de boel plat te smiten. It kin de master misse, mar wij moatte der al om tinke, dat dit soarte dingen einliks net barre. Oer belied sprutsen. Wat is it belied ten oansjen fan de iepenbiere skoallen? In geve skoalle ticht en der in nije foar bouwe en in gammele stean litte? is wat frjemd, om it seft te sizzen. Meie wy in diSdlik beliedsplan ferwachtsje oer de skoallen?

Historisch Centrum Leeuwarden

Notulen van de gemeenteraad van Leeuwarderadeel | 1991 | | pagina 19