WDm oe vwie fa it pU-e&ie is alle diskusjes fan de leste tiid bliuwt oerein stean it motto: By in twatalige mienskip past in twatalige oerheid. Dat is in eask fan demokrasy, en it dSrop rjochte belied is in stikje sosjale fernijing avant la lettre, konkreet tapast op lis situaasje. It docht us A^eugd, dat in behoarlik kontingent amtners de kursus amtlik Frysk folget, en us fraach oan it kolleezje is: wurde dSrfan al resgltaten sichtber yn de foarm fan in roi:iraer gebrflk fan it Frysk yn de skriftlike stikken fan ds gemeente? Beoardlellng begruttingi Wy fine de begrutting en de taljochtingen dSrop in goed,Lhelder en ynformatyf stik; it wurdt oant no ta noch elk jier better. As ik it kolleezje d§rmei komplimintearjedat begrypt de portefeuillehalder finansjes wol, dat ik efter him de 8fdieling finansjes stean sjoch. In goed stik foarljochting nei de gemeenterie ta, en dat bringt lis gedachten dan ek op de foarljochting nei de boargers ta, dy't neffens lis noch wol foar ferbettering fetber is* Goede gemeentlike foarljochting kin net op in keapje, mar as wy fan de boargers swiere finansjele offers freegje, dan hawwe dy boargers rjocht op in goede foarljochting oer it gemeentlik belied anneks gearkomstedata en agenda's van iepenbiere gearkorasten. Fraach oan it kolleezje: sjocht it kolleezje mooglikheden om de foarljochting nei de boargers ta op in better peil te bringen? It dekkingsplan fine wy oer it algemien ferantwurde en sfln, De kosten fan de Sffier en ferwurking fan it 8ffal foarmje lykwols de grutte destabilisator. Dizze kostenpost .foarmet in woekerplant, dy't de prille plantsjes fan nij belied it libben driget te benimmen. Wy sjogge it kolleezje-utstel oangeande it Sffalstoffentaryfhoesear ek basearre op flnwisse oannames, as in akseptabele Wy 6eik** &cft oanpak om .yn.de .situaasje fan no wat oarder yn de chaos te skeppen* Benemmreir, omit yn dub ulJial dU 'viltifI.jjo euslifcten lolt om op termyn wer, ta in stabyl kostendekkend taryf te kommen. Dy inlinuju. nolle wy lcroftloh undoruti'oukjg'i Earder haw ik al it nedige sein oer de needsaak om de problematyk beliedsmjittich yn de greep te krijen. Ik slut 8f. Wy meitsje in nije start. Alle hynders yn de kolleezjestfil binne ferfarske, hoewol't it wachtsjen noch is op de levering fan it ISste nije hynder. Dat wekt de ferwachting fan in pittige draf, dy't mear as ienris yn galop oergean sil. Us fraksje wol it kolleezje komplimintearje raei it llan, dat,dizze llntwerp-begrutting iltstrielt, benammen w§r't it giet om de oansetten foar nij belied foar de fraachstikicen fan hjoed. Mar: it binne noch oansetten op geduldich papier. Wy hoopje, dat folgjend jier om dizze tiid hinne in tal konkrete resultaten sichtber w§ze siljto-* Wy beseffe dat it kolleezje om dat te berikken 3fhinklik is fan in konstruktive opstelling fan de rie. De CDA-fraksje sil sa'n opstelling kieze, op betingst fan in

Historisch Centrum Leeuwarden

Notulen van de gemeenteraad van Leeuwarderadeel | 1991 | | pagina 26