LEHJWARDERADEEL GEMEENTE Beslutelist fan de riedsgearkomste fan 18 en 20 desimber 1990 Oanwezich: mefrou Visser en de hearen Tulner, Dijkstra, Teitsma, Van der Heide, Eisenga, Van der Ende, Boersma, De Vries, Van Rijn en de wethalders mefrou Glas en de hear Jansma. Ofwezich: de hear Ketellapper. Foarsitterde hear Bijl (boargemaster) Siktaris: de hear Dijkstra (le loko-siktaris)de hear Beereboom (2e loko- siktaris) foar it twadde part fan de sit fan 20 desimber. Ban II 0247 - 1915 m. Nei't, de foarsitter de gearkomste iepene hat, dielt er mei dat punt 24 fan de wurklist offierd is en dat punt 14 trochskood is nei de sit fan 20 desim ber 1990. 1. Feststelling fan de beslutelist fan de riedsgearkomste fan de 29e novimber 1990 Nei oanlieding fan punt 11 merkt de heer Van Rijn op dat it kolleezje de ta- sizzing dien hat foar lytse utwreidingen in potsje te kreearjen. Hy mist diz ze tasizzing op de beslutelist. Nei oanlieding fan punt 12 merkt de hear Van Rijn op dat it kolleezje gjin kandidaten foardroegen hat mar dat ut de rie wei kandidaten beneamd binne. Boppedat mist hy de utslag fan de stimmingen op de beslutelist. De foarsit ter is fan betinken dat de opmerkingen fan de hear Van Rijn terjochte binne. De beslutelist wurdt wizige: 11. Nei it wurd "foarsitter" wurdt taheakke: "Troch it kolleezje wurdt de tasizzing dien dat foar lytse utwreidingen in potsje kreearre wurde sil". 12. Nei de earste rigel wurdt lezen: "De utslag fan de ferskate stimmingen is: - Aandeelhoudersvergadering Waterleiding Friesland - 13 stimmen foar de foarsitter. - Cevan - 13 stimmen foar de foarsitter. - Woonwagenschap Friesland - 13 stimmen foar de foarsitter. - Stichting Molen de Hoop - 13 stimmen foar de foarsitter. - Kommissie Middelen - 13 stimmen foar de hear Tulner. - Kommissie Welzijn - 13 stimmen foar de hear Tulner. - Kommissie D.O.V. - 13 stimmen foar de hear Tulner. - Sportkommissie - 13 stimmen foar de hear Tulner. - Kommissie Georganiseerd Overleg - 13 stimmen foar de hear Tulner. - Marrekrite - 9 stimmen foar de heer Boersma. 4 stimmen foar de hear Tulner. De foarsitter en de hearen Tulner en Boersma hawwe de beneamingen oannommen"

Historisch Centrum Leeuwarden

Notulen van de gemeenteraad van Leeuwarderadeel | 1991 | | pagina 4