- 4 - 20. Utstel oangeande ekstra kredyt foar it ynstellen fan in kriteunder- syk Hjiroer wurdt it wurd fierd troch de hearen Dijkstra, Boersma, Teitsma en de foarsitter. Sunder haadlike stimming wurdt neffens it utstel fan it kolleezje beslu- ten. 21. Utstel oangeande it beskikber stellen fan in kredyt foar ferfanging sinneskerms gemeentehus Stiens Hjiroer wurdt it wurd fierd troch de hearen Teitsma, Tulner en de foar sitter. De hear Teitsma wol graach dat it kolleezje ek noch komt mei in utstel foar de ferfanging fan de gerdinen en de stuollen fan de riedsseal. Dit wurdt troch de foarsitter tasein. Sunder haadlike stimming wurdt neffens it utstel fan it kolleezje besluten. 22. Utstel oangeande experimentele regeling ferlof foar alders Hjiroer wurdt it wurd fierd troch de hear Boersma, wethalder Jansma en de foarsitter. -Sunder haadlike stimming wurdt neffens it utstel fan it kolleezje besluten. 23. Utstel oangeande jierrekken 1989, begruttingswizigings 1990 en untwerp begrutting 1991 fan de mienskiplike himmeltsjinst It Bildt - LJouwertera- diel Hjiroer wurdt it wurd fierd troch de foarsitter, de hearen Eisenga, Van Rijn, Tulner, Boersma en wethalder Glas. Troch de foarsitter wurdt meidield dat de begrutting fan de himmeltsjinst utfiering fan besteand belied is. De utjeften stean fest. De ynkomsten is in saak fan de begrutting en komt by punt 27 fan de wurk- list oan de oarder. De hear Eisenga pleitet der foar de feststelling fan de begrutting fan de himmeltsjinst ek by punt 27 oan de oarder te stellen. De foarsitter fielt hjir neat foar; neffens him is de begrutting fan de himmeltsjinst utfiering fan besteand belied. Troch wethalder Glas wurdt tasein dat de ferslagen fan de himmeltsjinst tenei yn de riedskommisjes "D.O.W." en "Middelen" oan de oarder stelt wurde sille. Sunder haadlike stimming wurdt neffens de utstellen fan it kolleezje be sluten. 24. Utstel oangeande it ynstellen fan in kommisje foar sosjale saken Dit punt is fan de wurklist offierd. 25. Utstel oangeande plaatwurk sporthal te Stiens Hjiroer wurdt het wurd fierd troch de hear Boersma, wethalder Glas en de foarsitter. Besjoen wurde sil oft it ek better is rustfrijstielen skroeven te bruken. Sunder haadlike stimming wurdt neffens it utstel fan it kolleezje besluten. 26. Utstel oangeande it privatisearen fan Skilhiem Hjiroer wurdt it wurd fierd troch de foarsitter (oanfolling) en de hear Teitsma. Sunder haadlike stimming wurdt neffens it utstel fan it kolleezje besluten. - 5 -

Historisch Centrum Leeuwarden

Notulen van de gemeenteraad van Leeuwarderadeel | 1991 | | pagina 7