A/ LEEUWARDERADEEL GEMEENTE Beslutelist fan de riedsgearkomste fan 28 maart 1991. Oanwezich: mefrou Visser, de hearen Teitsma, Eisenga, van der Heide, Dijkstra, Tulner, van der Ende, Boersma, de Vries, van Rijn, Ketellapper en de beide wethalders, mefrou Glas en de hear Jansma. Foarsitter: de hear Bijl, boargemaster Siktaris de hear Kingma, gemeente-siktaris Ban I - fanof 2135 m. -o-o-o-o-o- Feststelling fan de beslutelisten fan de rledsgearkomsten fan 28 febrewaris om 16.30 oere en 19.30 oere. Dizze wurde unferoare feststeld. Ynkommen stikken en meidielings. 91/30 Hjiroer wurdt it wurd fierd troch de hear Ketellapper (Ill-a) en de foarsitter. Sunder haadlike stimming wurdt neffens it utstel fan it kolleezje besluten. Utstel oangeande it baggerjen tochtsleatten 91/31 Hjiroer wurdt it wurd fierd troch de hearen Dijkstra, de Vries en wethalder mefrou Glas. Tasein wurdt dat it juste bedrach fan de kosten yn de kommisjes meidield wurde sil. Sunder haadlike stimming wurdt neffens it utstel fan it kolleezje besluten. Utstel oangeande subsydzjeoanfraach Stifting Museum Wierdenlan. 91/32 Hjiroer wurdt it wurd fierd troch de hear Eisenga en wethalder Jansma. Sunder haadlike stimming wurdt neffens it utstel fan it kolleezje besluten. Utstel evaluaasjerapport oangeande it funksjonearjen fan de mien- skiplike himmeltsjinst 91/33 Hjiroer wurdt it wurd fierd troch de hearen Boersma, de Vries, Tulner, mefrou Visser, wethalder mefrou Glas en de foarsitter. -2-

Historisch Centrum Leeuwarden

Notulen van de gemeenteraad van Leeuwarderadeel | 1991 | | pagina 4