- 2 - 7Utstel oangeande it beskikber stellen fan in kredyt foar it opmeitsjen fan in folder oer wenjen yn de gemeente Ljouwerteradiel Hjiroer wurdt it wurd fierd troch de hearen Van der Ende, De Vries, Tulner, Teitsma, de foarsitter en wethalder Jansma. De foarsitter dielt mei dat de folder maksimaal f 25.000,kostje sil. Dan komt f 12.500,foar rekken fan de gemeente. De hear Tulner stelt ut te besjen oft it ek mooglik is yn de gemeentegids in stik oer wenjen yn Ljouwerteradiel op te nimmen. Dit utstel wurdt stipe troch de CDA-fraksje. De foarsitter konkludearret dat foar it utstel fan de hear Tulner gjin mear- derheid is, dat it kolleezje, de PvdA-fraksje en de WD-fraksje foar it ut stel fan it kolleezje binne en dat de FNP-fraksje en de CDA-fraksje tsjin it utstel fan it kolleezje binne. Sunder haadlike stimming wurdt neffens it utstel fan it kolleezje besluten. 8. Utstel oangeande it nimmen fan in tariedingsbeslut bestimmingsplan buten- gebiet foar de bou fan in nij buthus troch maatskip Van der Werff te Koarn- lum Sunder diskusje en haadlike stimming wurdt neffens it utstel fan it kolleezje besluten. 9Utstel oangeande it nimmen fan in tariedingsbeslut bestimmingsplan Jelsum foar festiging griente- en fruithannel, Boarnsylsterwei 13, Jelsum Hjiroer wurdt it wurd fierd troch de hearen Tulner, Boersma, Van Rijn, Teit sma en de foarsitter. De rie is fan betinken dat it kolleezje net soarchfaldich hannele hat. Der moat earst mei de minsken praat wurde. It kolleezje nimt it utstel werom. 10. Utstel oangeande it nimmen fan in tariedingsbeslut bestimmingsplan "Stiens- d'Orient" foar de bou fan in bygebou op perseel Felixwei 8 te Stiens troch de hear C.A. van den Briel Hjiroer wurdt it wurd fierd troch de hear Tulner en de foarsitter. De hear Tulner is tsjin it utstel. Sunder haadlike stimming wurdt neffens it utstel fan it kolleezje besluten. 11Utstel oangeande it beneamen waarnimmer by de S.K.L. Hjiroer wurdt it wurd fierd troch de hear Teitsma en de foarsitter. Der wurde 12 stimmen utbrocht op de hear Kingma dy't hjirmei beneamd is. Hy nimt de beneaming oan. 12. Utstel oangeande it fieren fan in pleit Sunder diskusje en haadlike stimming wurdt neffens it utstel fan it kolleezje besluten. 13. Utstel oangeande feststelling bouterreinprizen ferskate bestimmingsplannen Sunder diskusje en haadlike stimming wurdt neffens it utstel fan it kolleezje besluten. Begruttingswizigings Hjiroer wurdt it wurd fierd troch de hearen Van der Heide, Tulner en de foarsitter. - 3 -

Historisch Centrum Leeuwarden

Notulen van de gemeenteraad van Leeuwarderadeel | 1991 | | pagina 5