- 3 - 8. Utstel oangeande festiging saaklik rjocht 1080 m. 91/98 Sunder diskusje en haadlike stimming wurdt neffens it utstel fan it kolleezje besluten. 9. Utstel oangeande tariedingsbeslut bestimmingsplan butengebiet (ged.) oanlis bosk 1085 m. 91/99 Hjiroer wurdt it wurd fierd troch de hearen van Rijn, Teitsma en de foarsitter. Sunder haadlike stimming wurdt neffens it utstel fan it kolleezje besluten. 10. Utstel oangeande oankeap perseel Lytse Buorren 4 te Britsum 1281 m. 91/100 Hjiroer wurdt it wurd fierd troch de hearen Ketellapper, van Rijn, Boersma, van der Ende, Dijkstra. Guon sprekkers ha fragen, oaren ferklearje direkt tsjin te wezen. Nei de twadde ynstansje folget in underbrekking fan de gearkomste. Sprekkers fan de underskate fraksjes jouwe in stimferklearring. It utstel wurdt yn stimming brocht. Foar binne de leden Eisenga, mefrou Visser, Boersma, van der Heide, mefrou Glas, Jansma, van Rijn, de Vries en Teitsma. Tsjin de leden Ketellapper, Dijkstra, Tulner en van der Ende. It utstel is dus mei 9-4 stimmen oannommen. Begruttingswizigings 2044 m. Sunder diskusje en haadlike stimming wurde dizze unferoare feststeld. Dizze beslutelist is feststeld yn de riedsgear- komste fan de 26e septimber 1991, de siktaris, de foarsitter, (J.J. Kingma) (mr. C. Bijl)

Historisch Centrum Leeuwarden

Notulen van de gemeenteraad van Leeuwarderadeel | 1991 | | pagina 5