ynkomsten fan ic ryk en ut de unreplikguodbelesting wer mei it finan- sjele ferhaal fan al de plannen under druk komt te stean. Yn de juni notysje hawwe wy al ja sein stjin in ferheging fan de be- lestings foar dit jier, ora 't der best in priiskaartsje hingje mei oan in stik kwaliteitsferbettering yn dizze gemeente. Wurkdruk Ut it plan fan oanpak hawwe wy in aardich byld kriegen oer de utstel- len fan it kolleezje en wat der allegear stiet te barren en hoe it foarstelde tiidspaad is. Der sil grif in ekstra druk komme op de mins- ken in dit hus en dermei ek op it kolleezje. It kolleezje jout ek al oan dat ekstra minskkreft oanlutsen wurde moat. It is in goede saak dat der in plannig leit fan de saken dy t op us dfkomme mar de ynfulling fan it finansjele diel, sawol de ynfestea- rings dy 't der barre moatte as de ekstra minsken dy 't der oanlutsen wurde moatte, hat wol us soarch. Yn de juni notysje hawwe wy al us fraachtekens set by de de kosten dy 't dit allegear raeibringe sil, mar as der in fasearre utfiering komt, dan it is net alhiel dudlik wat it finansjele ferhaal is. Dan soenen je wolris de sitewaasje krije kinne, dat de leste saken dy 't op it skema steane net mear utfierd wurde om 't it finansjeel net mear ferantwurde is en dat wolle wy foarkomme. Derom pleitet it CDA der- foar om in prioriteiten skema op te stellen. En by eltse aktiviteit heart in goed underbout finansjeel ferhaal mei eventuele altemativen. As foarbyld kin je neame it swimbad. Dat der wat barre moat is dudlik. Der is grut underhald nedich en dit kin him fertale yn nijbou of reno- vaasje. In goed beslut hjiroer kin allinne nommen wurde as it finan sjele plaatsje fan beide altematieven neistinoar lizze. Fraach SjochC it kolleezje ek kins om foar alle aktiviteiCen in sa goed moog- lik finansjeel oersichc te meitsjen en dan ek sadanich dat foar it gehiel de finansiering run is. De bedoeling is dat dermei foarkommen wurdt dat op de leste aktiviteiten beknibbele wurde moat of ekstra belesting maatregels nommen wurde moatte om it untsteane tekoart te dekken Wurdt by it plan fan oanpak ek de winsk fan de sportklubs meinommen om ta in eigen kantine te kommen? Milj eu. As wy it yn dizze gemeente oer it miljeu hawwe, dan tinke wy tagelyk oan de mienskiplike himmeltsjinst Ek de begrutting foar 1992 lit wer in te grut tekoart sjen neidat ek al foarrich jier de himmelrjochten omheech gien binne. Foar in part, ik tink in grut diel sil dit feroarsake wurde troch faktoren buten de mienskiplike himmeltsjinst om, nml. it stoarttaryf. Mar de kosten fan de eigen tsjinst moatte dudlik yn it each halden wurde. Wy moatte as taak op us nimme om de heap offal yn te damjen en sa mooglik ta werge- bruk te kommen. Wy meie de boarger der op oansprekke en op wize dat wy mei us alien as rintmaster oer dizze wrald oansteld binne, dat wy der ferantwurdlik foar binne en dat wy op in hoeden wize mei us offal omgeane moatte. Yn dat ramt spilet ek it opheljen fan it lyts gemysk offal. Is it no te folle frege oan de boarger om dit sels fuort te

Historisch Centrum Leeuwarden

Notulen van de gemeenteraad van Leeuwarderadeel | 1991 | | pagina 11