bringen? It liket sa njonkenlytsen wol, dat de gemeente oeral foar soargje moat en dat wy it de boarger o sa maklik meitsje moatte. In goed miljeubelied begjint by de minske sels. Hoewol it muoilik nei te gean is, meie wy best krytysk weze oer in goede ferdieling en ynset fan personiel fan de gemeente It Bildt yn de himmeltsjinst. Wat dat oangiet stypje wy de gedachte dat der ien ta- fersjochhalder weze moat foar de gehiele tsjinst. Tagelyk soe de gedachte dy 't ek al earder oppere is om eventueel ta skaalfergruting te kommen utwurke wurde moatte. Op 'e doer sil oan skealfergrutting net te untkommen weze. Noch mear skieden ynsammelje en bettere ekonomiske ynset fan materieel en personiel sil dit mei sich meibringe. Fraach: Is it kolleezje ek fan doel om in undersyk ta skaalfergrutting yn te stellen? Sa ja, en yn hokfoar ferban? Wat it grofsmoarchens oanbelanget soenen wy fan it kolleezje witte wolle hoe sy oer in eventueel ofstjitten hjirfan oerstiet It kolleezje seit yn de earste oanbiedingsbriefdat it opheljen fan it hussmoarchens en it lyts gemysk offal kostendekkend weze moat en der kinne wy mei ynstimme. De brief dy 't wy foarige wike kriegen giet dizze kant net ut. It CDA hat de leste j ierren dudlik witte litten, dat wy in kostendekkend taryf foar it opheljen fan it hussmoarchens hawwe wolle en dit moat sa bliuwe. It op 'e ny de tekoarten oansuverje ut de reserves tsjoeget fan de wei fan de minste wjerstdn. Want mei op de eftergrun de grutte oanslach op de reserves foar de aktiviteiten dy 't op steapel steane sil it jild dochs earne weikomme moatte en je halde josels foar de gek want oar jier is it tekoart der noch. Fraach 1. Wy hawwe de yndruk, dat de ferheging fan 5% net kostendekkend is, wat neffens de CDA-fraksje sa 'n 20% weze moatte soe. Werom is it kolleezje ofstapt fan it kostendekkende hdlden fan de himmelrjochten? Te mear der it tekoart fan foarich jier ek noch net ynrun is. 2. Sjocht it kolleezje ek mooglikheden om de tekoart foar in part lytser te meitsjen troch de oanslagen earder de doar ut te dwaan? Stedsgewest. Ut de oanbiedingsbrief kinne wy leze dat der in koordinator/siktaris oanstelt is en dat de saak wat yn gong skynt te kommen. De rie hat folslein ynstimt mei de oprjochting fan it stedsgewest en wy hawwe der sa'n foech f 21.000,-- foar beskikber stelt mar wy kinne us net foarstelle dat it totale budzjet foar dit jier al opbrukt is. Yntiid hawwe wy in oersicht kriegen wat der troch de ferskate gemeen- ten as projekten ynbrocht is, mar wy wurde graach op e' hichte halden wat der konkreet dien is en wat de kosten fan it ien oare west hat. Yn dat ramt wize wy nochris wer op de noard-west tangent. Fraach: 1. Hoe stiet it mei de noard-west tangent? 2. As it Ljouwerter bosk oanlein wurdthoe hurd is de tasizzingdat de oansluting fan it fytspaad fan us gemeente op dit bosk troch de gemeente Ljouwert betelle wurdt? Finansjeel moatte wy dochs op us iepenst weze. it mei net sa wurde as op dit momint yn de regio, dat de gemeentes besunigje moatte. wylst de

Historisch Centrum Leeuwarden

Notulen van de gemeenteraad van Leeuwarderadeel | 1991 | | pagina 12