regio mar mei har koscen omheech giec. Maatskiplik wurk. Yn 'e septimber gearkomste hawwe wy in lange diskusje han oer it maat skiplik wurk yn us regio. De mearderheid fan us rie hat utsprutsen dat der in net-frijbliuwende gearwurking fan de ynstellings Frjenstjer en Hallum komme moat as der ut eigen beweging gj in foarutsichten binne mei yngong fan 1 jannewaris 1993 op neiere gearwurking. Oars soe der subsydzje op beide ynstel lings op 'e ny besjoen wurde moatte. De utspraak soenen je prachtig/- krachtig neame kinnemar de utspraak is krachteleas, want der sit gj in beoardielings kriterium yn en as dit der net is, is it gefaar grut dat wy ta eigenwillige beslutfaorming komme. Wy krije it idee dat de mearderheid fan dizze rie gauwer niget om mear j ild te jaan foar in stifting dy't min draait, dan de minsken op basis fan harren oertsjoe- ging de mooglikheid te jaan om harren eigen kar te meitsjen. Dy moog- likheid is in wichtig merkteken fan kwaliteit. Ekonomie It is goed te konstatearjen dat de ldnboubedriuwen yn us gemeente sa njonkenlytsen allegear in hinderwetfergunning hawwe. Foar de lanbou as sadanich komt us gemeente der ek goed foarwei wat de ryks- en provin- sjale plannen oanbelanget op it lanskiplik med. Litte wy dat sa halde en de kommende plannen sa op- en bystelle dat de bedriuwen har gerak hjir krije. Itselde jildt ek foar de oare net-agrariske bedriuwen. Wy hoopje dat it nije bedriuwenterrein in oanset weze mei ta in goede ekonomiske aktivitiet yn dizze gemeente. Bibleteek. We kinne stelle dat de finansjele ynjeksje in goede ympuls jun hat oan de bibleteek. Der is it ofrune jier in goed stikje foarljochting nei de rie ta west, mar der is neffens us mear mooglik. Hoewol it foech oer it ien en oar by it bestjoer leit, binne wy dochs fan betinken, dat der wol wat mear oan de dyk timmere wurde kin. In bibleteek as in kulturele fersjenning is net wei te tinken yn in gemeente en der binne nea te min leden. Hoefolle minsken yn us gemeente soene witte dat men fergees gebruk meitsje kin fan de lesseal, wer 't allerhande bleden binne te finen, fan de regionale kranten oant in protte wykbleden ta? Sels kin je der boeken leze, sunder dat je in abonnemint hawwe. It CDA is fan betinken dat it in goed saak weze soe, dat dit mear buorkundich makke wurde moat. Regelmjittich in boekbeprek yn de Stienser Opropper soe grif gjin kwea dwaan. Dit soarte saken soenen bestris meinommen wurde kinne yn it oerliz mei it bestjoer fan de bibleteek. Der sil grif mear abonneminten ofsluten wurde kinne, wermei de mooglikheden foar de bibleteek as sadanich wer grutter wurde.

Historisch Centrum Leeuwarden

Notulen van de gemeenteraad van Leeuwarderadeel | 1991 | | pagina 13