Gans earder as wy wend wiene ha wy no al de begrutting en dermei de algemiene skdgings oan de oarder. Dit yn gerhing mei de saneamde juny- notysje jout us,nei us miening in better en follediger ynsjoch yn de finansjele mooglikheden en unmooglikheden ta oansjen fan us gemeente. Men kin en moat der fanut gean dat mei hjir troch in bettere finansjele ofwaging plak fine kin en dat sil no en yn de takomst mear as nedich weze. Inkelde wiken lyn ha we"Prinsjesdag" han. Hoewol dit giet oer "it oanbieden fan de ryksbegrutting, hat dit ek seker mei de gemeentlike hushalding te meitsjen.lt ryksregear propagearret op allerhande wize dat hja de keapkreft fan mei namme de minima en leechstbetellen hanthavenje wolle.lt is skynber noch net ta Den Haach trochdrongen dat de Swarte Pyt dan nei de gemeentes ta spile wurdt.Wat is it gefal? de gemeentes krije net mear, earder minder utkeard fan it ryk foar de taken dy't hja wettelik utfiere moatte, mei oare wurden, de boarger krijt net de rekken ut Den Haach mar in hegere rekken fan it gemeentehus Ek it bedriuwslibben sil de hegere kosten oan de konsumint trochberekkenjedus stiging fan prizen, de ryksoerheid docht hjir sels ek oan mei troch it ferheegjen fan bygelyks de accijnzen. De keapkreft bliiwt dus net han.§iavene mar giet mei sprongen nei underen foaral foar de earder neamde minima. As lytse oerheid, de gemeente dy't it tichtste by de boarger stiet, wurde wy wol it earst mei de swirrich-heden fan dizze boarger konfrontearreEk docht bliken ut de begrutting dy't hjir foar us leit dat de mooglikheid der net yn sit om de belestingen en tarieven sa te ferleegjen, dat dat lykop giet mei de lannelike ferhegings dat foar de boarger budgettair neutraal utpakke soe. Ek us fraksje is der wol fan oertsjuge dat dit sa net kin. De legere oerheden, provinsje en gemeente ha wetlik ek taken dy't hja nei behearren utfiere moatte en dat kostet uteraard jild Koart sein: de regearingspartijen kinne lang net wier meitsje wat hja tidens de ferkiezingskampagne beloofd ha. Om net noch mear wjeraksel fan de achterban te krijen as der no al is, wurde de problemen nei in oar ta skood, en dan te betinken dat de algemien rekkenkeamer ta de konkliizje kommen is dat der samar miljoenen wei wurde wer't gjin ferklearring foar is,der koe hiel wat goeds foar barre. Wittende dat we net folledich weze kinne,wol ik de begrutting foar 1992 neier besjen yn it ramt fan dizze skdgings It hat gjin sin elts haadstik hoe wichtich ek, oan in neiere skdging te underwerpen, ferskate fragen ha we al in andert op krigen, tidens de ynformele gearkomste dy't hjir oan foarofgien is. Nei lis miening in goede saak it befoarderet de diidlikens en foarkomt in protte freegjen op dizze jun, nei us miening moat dit dus ek yn de takomst sa troch gean.

Historisch Centrum Leeuwarden

Notulen van de gemeenteraad van Leeuwarderadeel | 1991 | | pagina 16