•7 Foarsitter, By haadstik 3-ekonomyske saken- blykt dat der by de ferdieling fan winsten op oandialen foar it Frigem in bedrach fan /341808,- foar us gemeente rust is. Is it kolleezje mei us fan miening dat dit bedrach yn wezen in deagewoane belestingopbringst is? Mei oare wurden, der moat in bedrach fan 3,5 ton by de belestingopbringst opteld wurde, de boarger moat dit ek opbringe, mar dan op in oare wize, nammentlik de- gasrekken. Haadstik 4-Underwiis- Yn it underwiis is der hiel wat geande en it gemeente bestjoer kriget as bestjoer fan it iepenbier underwiis noch hiel wat problemen foar de kiezzen. Wy binne dan ek fan miening dat it in goede saak is dat der in underwiiskommisje kommen is, seker yn dizze tiid op syn plak. Der wurdt steld dat it formatiebudgetsysteem waarskynlik yn 1992 ynfierd wurde sil. Wy freegje us of, dat mei dit systeem fersnippering fan formaasjeplakken er mear werombrocht wurde kin. It liket us net goed foar it bern dat 35- tefaak in oare learkreft foar de klas stiet. De skaalfergrutting yn it basisunderwiis sil ek foar us gemeente gefolgen ha. Hjir sil nei us miening it begryp solidariteit tusken de keam Stiens en de butendoarpen in wichtige rol spylje. Is it kolleezje mei us fan miening dat dit as it om it behald fan de skoallen yn de butendoarpen giet goed yn de oerwaging meinommen wurde moat? Oangeande it MSU en de underwiisbegeliedingstsjinst Ljouwerteradiel yn it bysunder wurdt der yn it kolleezjeprogram under haadstik VII :7 stelt dat it hjoeddeiske nivo handhavene wurde moat, dit is troch alle yn de ried ffertsjinwurdige fraksjes underskreaun. No't der in kans yn sit, al liket it no in bytsje guenstiger, dat dit dan benammen foar it Frysk gefolgen ha kin, stiet it kolleezje ek foar eagen hoe't dizze utspraak stal jun wurden kin? Wat de sport yn us gemeente oanbelanget spilet it accomodatiebelied dat yn foarberieding is, in wichtige rol. Deryn wurdt nei us miening in ideaalbyld sketst wy binne fan miening dat ek hjiryn prioriteiten steld wurde moatte, seker om finansjele reden. Wy sjogge jimme foarstellen mei belangstelling temjitte. Yn haadstik 6 wurdt yngien op de sosjale foarsjennings en maatskiplik wurk. Wat de decentralisaasje fan de bysundere bystan oangiet ha we de foarige riedsgearkomste mei algemiene stimmen in wichtich beslut nommen. No wurdt yn de hiele regio in gelyk belied fierd ta oansjen fan de bysundere bystan De belutsenen witte wer't hja oan ta binne ,dit belied kinne jo net per gemeent fiere. Ta oansjen fan it maatskiplik wurk koene we net ta in gelyk stUnpunt komme tidens de foarige gearkomste. Der hat doe in utfoerige diskusje west dy't ik no net herhelje wol. Us fraksje is wol fan betinken dat it mei in krappe mearderheid nommen beslut meihelpe kin om ut de unstiene swierichheden te kommen. De tasan dy't we no ha kin en moat ferbettere wurde. Haadstik 7 giet oer de folkssunens. Wy fernamen fanut de parse dat men komme wol ta ien indikaasje kommisje foar alle sektoaren, ta oansjen fan opname yn wat foar ynrjochting dan ek. Is it kolleezje hjirmei op de hichte an hoe kin de pleatslike vnfloed dan garanaeerd wurde ,by de e

Historisch Centrum Leeuwarden

Notulen van de gemeenteraad van Leeuwarderadeel | 1991 | | pagina 17