-3 H. L y k c basis is men it beste op de hichte fan de persoanJaa=ee omstandich heden. Hoe tinkt it kolleezje hjir op yn te spyljen? It hat bliken dien dat Fryslan ien fan de provinsjes is wer't men it fierst is mei it skieden ynsammeljen fan hussmoargens Oan't no ta hat de boarger finansjeel sjoen noch net folle fan dy ynspanning fernommen. De kosten fan us ofeart meitsje wy us grutte soargen oer, hjirmei nimt de keapkreft fan de minsken hurd of wy soene graach wolle dat we hjir mei in oplossing komme koene; dat kinne wy ek net, wol freegje wy us of hoe fier as wy hjiryn meiinoar gean kinne. Wat de hinderwet en miljeufoarskriften oangiet krije wy de yndruk dat it bedriuwslibben yn syn totaliteit en de agraryske sektor yn it bysunder de tiid net gund wurdt om op de wykliks feroarjende foarskriften yn.te spyljen. Under haadstik X:2 fan it kolleezjeprogram wurdt steld dat it bedriuwslibben foldwaande tiid gund wurde moat om de oanpassingen ut te fieren. Hoe tinkt it kolleezje hjirop, under dizze omstannichheden yn te spyljen? By haadstik 8 komt it stedsgewest Ljouwert oan de oarder. Doe't it foarstel oangeande it stedsgewest behannele waard, ha wy us soargen dtsprutsen oangeande de kosten. Neffens us sil men ek yn it ramt fan it stedsgewest rekken halde moatte mei de koartings dy't de gemeentes te ferwurkjen krije. Hjirop oanslutend is us fraksje fan betinken dat koartingpersintaazjes dy't de gemeentes te ferwurkjen krije nei oanlieding fan rykskoartingen trochberekkene wurde moatte nei regionale regelingen. Is it kolleezje mei us fan miening dat as we dat net dogge we yn in delgeande spiraal telane komme kinne? Foarsitter, Yn de juny-notysje waard foarsteld de tarieven fan de gemeentlike belestingen trendmatich te ferheegjen mei 5%. Wy ha us betinkingen benammen ta oansjen fan dat trendmatige doe dudlik nei foaren brocht en sa tinke wy der no noch oer. Wy binne us der fan bewust dat it bedriuw gemeente draaie moat. Ek de gemeente hat mei kostenstigingen te meitsjen wertroch in jild- untwaarding untstiet. Wy binne fan miening mei om't der ferlyne jier gjin ferheging JLk fun hat en mei yn acht nimming fan kest II lid 4: Verhoging van de gemeentelijke belastingen moet niet of slechts in beperkte mate plaats- vinden, ut it kolleezjeprogram^in ferheging fan 5% fan de gemeentlike belestingen ferantwurde is, dit mei yn it ramt fan kostenstigings en ynflaasje. Wol binne wy fan betinken dat it trendmatige yn elts gefal hjir net fan tapassing weze kin. Mei yn acht nimming fan kest II lid 4 fan it kolleezjeprogram fansels ek troch de kolleezjepartijen underskreaun gean wy der fanut dat it kolleezje dizzeopfetting dielt. Foarsitter, ut dit betooch blykt us grutte soarch dat de keapkreft yn tsjinstalling

Historisch Centrum Leeuwarden

Notulen van de gemeenteraad van Leeuwarderadeel | 1991 | | pagina 18