SKOGINGEN FNP-FRAKSJE 1991 Foarsitter, leden van de rie, Tige op tiid kinne wy jun de begrutting behannelje en kinne de partijen yn'e Rie harren fisy jaan op it riden en farren fan us gemeente. Us wurdearring dat wy no en net op it ein fan't jier begrutting en rekken behannelje kinne. Ik wol alderearst jo foarsitter, in fear yn'e broek stekke. Jo binne hjir in goed jier dwaande en yn dy tiid hawwe jo jo tige goed ynwurke yn it barren hjirre. Ik haw wol merkbiten, dat jo it hjirre tige nei it sin hawwe en dat docht us deugd. "In minske sin is een minske libben" en hy funksjonearret it alderbest as er him te plak fielt. Een stikje minslik wolwezen, wer sunder jo nea slagje sille mei it wurk. Dat jo yn dy tiid al een knap stik fan us fryske taal jo eigen makke hawwe, kin us wurdearring allinnich mar fergrutsje Bestjoere - en yn us gefal in lytse gemeente - it freget folle fan de minsken dy der by belutsen binne. Een gemeente is it leste stasjon yn it gehiel fan oerheden en it is hieltyd mar wer sa, dat as it Syk as de Provinsje taken ofstjitte as ofbouwe, de ge- meentes dan mar sjen moatte, hoe hja dat yn harren belied en harren finansjen ynpasse kinne. Folle saken kinne lytse gemeenten net of net goed mear allinnich oprede en derfoar hawwe wy dan gearwurkingsferbannen: de Regio b.g. en as nij fenomeen: it Stedsgewest. Ik jou direkt ta, it moat sa en wy wolle dit ek net werom draaie, mar it fer- follet us wol mei wat soarch. It wurdt in hieltiten grutter apparaat en begjint as wy net op us iepenst binne, in fan jier ta jier dominantere rol te spyljen. It wurdt in apparaat op himsels en as dat foar de demokratyske beslutfoarming in winstpunt is, doarre wy te betwifeljen. De Rie kin syn grip der op ferlieze en allinnich noch ja sizze, protteljend faaksmar ja. Litte wy der meiinoar om tinke dat wy troch de efterdoar gjin nije burokratyske bestjoerslaach yn'e hus helje. In wichtige taak foar us fertsinwurdigers yn dy rieden. En litte wy b.g. de Regio goed dudlik meitsje, dat it jild djoer is hjoed de dei. In sunich belied is in eask.

Historisch Centrum Leeuwarden

Notulen van de gemeenteraad van Leeuwarderadeel | 1991 | | pagina 20