Sa steane wy ek oan it begjin fan de gearwurking yn it Stedsgewest. Werora eigenlik "stedsgewest"? It gebiet is folle Jrutter as dy sted. Jo soenen earder sprekke moatte fan een lanstreek mei in lansdei. It utert wat mear dat it giet om in hiel gebiet. No dominearet it begrip sted te folle. Ek yn dizze lanstreek as stedsgewest mei it net sa wurde, dat de gemeentlike bestjoerders de greep op it gehiel kwyt reitsje en de sted foar master opslagt. Bestjoerlik wurdt der ek hiel wat frege yn us eigen gemeente. Der lizze in tal fan ambisjeuse plannen foar de kommende jierren, dy folle tiid en ynspanning freegje sille. Net allinnich fan de besjoerders, mar ek fan it ambtlik apparaat. In goede wi/elwurking tusken kolleezje en rie, kolleezje en apparaat en apparaat en rie, is in earste eask, wol dit slagje binnen de utsettejtiidkaders Wy as FNP-fraksje binne ree om hjiryn opbouwend mei te dwaan. Wat in bulte opskuor jun hat is it plan fan steatssekretaris Wallage oangeande de skaalfergrutting yn it underwiis. De safolste oanslach op de leefberens fan it plattelan. Oh ja, it giet om better underwiis,' wurdt sein, mar is it net in ordinaire besuniging? D'r is noch nea bewezen dat lytse skoallen in minder goed produkt ofleverje en grutte skoallen in better. Kolleezje, set jim sa folle as mooglik is yn foar de skoallen yn us lytse doarpen. Wy sille dochs op us iepenst weze moatte, wolle wy it plattelan en mei namme de lytse doarpen leefber en tierich halde. Us soarch oer dat plattelan, wy kinne der as gemeente net folle mear oan dwaan as wy dogge, mar hoe komt it ekonoraysk? De lanbou sit yn'e hoeke wer't nochal wat klappen falle. Guon miljeu-organisaasjes binne gau ree mei harren oardiel en wize de agraryske sektor oan as de grutte fersmoarger. Mar wy ite der allegearre fan en it soarget foar in grut bedrach op'e betellings- balans It soe wat mear wurdearring en stipe krije moatte. Fryslan sunder in sune lanbou is net yn te tinken. Sels sil men ek mear ynventiviteit untwikkelje moatte, mei dudlike stipe fan de oerheid, om te kommen ta nije produkten en buorkjen mei minder miljeuneidielen. Dat kostet tiid en dy tiid moat men de lanbou gunne.

Historisch Centrum Leeuwarden

Notulen van de gemeenteraad van Leeuwarderadeel | 1991 | | pagina 21