- 3 - Sa as wy al sein hawwe, foar de kommende tiid sciec der nochal wac op priemmen as sil der opset wurde. Dit hat fansels ek in finansjeel plaatsje, sa as dat hjoed de dei hjit.. En dennei binne wy by de finansjes oankommen. Wy wolle begjinne raei te sizzen dat Ljouwerteradiel finansjeel in sune gemeente is Dat moat sa bliuwe. By alles wat de kommende jierren utein set wurdt, moat as paadwizer foarop stean, dat wy net fierder springe, dan us pols lang is. Gjin tientsje utjaan as jo mar fiif gune hawwe. Wy binne gemeente mei krapoan tsientuzen ynwenners, ek mei de finansjes fan ee» gemeente mei tsientuzen ynwenners Dat leit syn grinzen op. Binnen dy grinzen sille wy operearje moatte. Dan moatte wy miskien op in stuit sizze: dit kinne wy net behappe, dit giet boppe us draachkreft ut, dit kin net ttrochgean. Us fraksje sil alle plannen sa wage en hifkje om sa te besiikjen in ferantwurde ofweaging te meitsjen. Want der is mear as in akkomodaasjebelied en it opkrikken fan de aide kearn fan Stiens Yn it haadstik Kultuer en Rekreaasje wurdt hiel wat neamd, wat miskien winslik is. It ien wat mear, it oare wat minder. Ek hjir sille wy tige kritysk weze moatte. Mei namme by it utein setten fan nije fersjennings sille wy us offreegje moatte hoefier de soarchsume maatskippij gean moat. Yn alle lagen, ek by de P.v.d.Av brekt it bese£ troch, dat de steat dy foar alles soarget, in utopy is. En derby it ropt in wrald fan misbruk op, wat slompen jild kostet. Ek it wolwezen yn us gemeente sil realistysk weze moatte en binnen ofbakene finansjele kaders beheind bliuwe moatte. Foarsitter, wy binne tige ofhinklik fan it regear wat de finansjen oanbelanget. En it hat bliken dien, dat it Ryk net in al te betroubere partner is yn it nei- kommen fan ofspraken. Hoefolle besunigings sille noch trochskoad wurde nei de legere oerheden? As wy b.g. by berneopfang prate oer de "Oort-jilden"jild dat de gemeente krije kin om in part fan dy opfang te beteljen, hoe hurd is dat dan? Mei help van de oerheid it fan de grun tille en as it der stiet de jilden ofbouwe? Kinne wy dan sa'n fersjenning wer stil sette? Us tinkt fan net, mar dan sil it us finansjen wol swier beleste in

Historisch Centrum Leeuwarden

Notulen van de gemeenteraad van Leeuwarderadeel | 1991 | | pagina 22