H- 4 It miljeu, elts jier mear kosten errwy ferwachtsje net dat die minder wurde sil. Dochs sille wy us uterste best dwaan moatte om de fersmoarging in ho ta te roppen en as it mar bael kin, te ferminderjen. Wy kinne us bern en bernsbern gjin wrald efterlitte, dy omskreaun wurde moat mei "in sraearlapperij". Oan de oare kant, wy binne goed dwaande en dogge al in bulte. Wy binne dudlik better underweis as b.g. de lannen yn East-Jeropa. Mar it sil jild kostjen bliuwe, ek us eigen smoargenstsjinst. De Olaf-tariven sille heech bliuwe en de bulten smoargens wurde al mar grutter. In fraach oan'e wethalder: in pear jier lyn hat us fraksje in moasje yntsjinne om mei de middenstan yn petear te gean om te besykjen of't der fan harren kant wat dien wurde kin oan it beheinen fan de stream ferpakkingsmateriaal Jo hienen doe gjin ferlet fan dy moasje, want der soenen al petearen mei de middenstan plak fine. Wy hawwe der nea wer wat fan heard en de middenstan wit ek fan neat. Komme dy petearen noch yn jo amtsperioade? Foarsitter, der binne us besunigingen oplein yn it kader fan de Tuskenbalans Jimme hawwe demei besocht de begrutting run te krijen. Utsteld wurdt u.o. de ynwenners fan us gemeente jaf ferheging*1 fan da unreplikguod- holoating op te lizzen van 52, om't der oars in tekoart op de begrutting untstiet. De trochsnee nederlanner wurdt wol oan alle einen en kanten knipt en skeard troch de oerheid. Dy oerheid makket dan in "koopkrachtplaatje" en ropt dan bliid: sjoch risdy groepen geane der net op efterut, en: wol is it net in aardichheid, dy groepen geane der noch op foarut ek! De miereneukers op it ministearje kinne dat utrekkenje oant 2 sifers efter de komma Mar wat de legere oerheden de boarger opleit, ut need faaks oplizze moat, wurdt net meinommen, en in kwartsje by de benzine wurdt ek net meiteld. Mear saken wurde net meinommen. It "koopkrachtplaatje" is yn us eagen de grutte "folksferlakkerij" fan de polityk. Wertroch is der in hege ynflaasje yn us lan untstien? Just troch dy oerheid. Wy miene dat wy us boargers freegje kinne om in ferheging fan de sraoargensrjochten Wat us oanbelanget mei dy ferheging 102 weze. Elts hat weet fan dizze problematyk en wit wer hy foar betellet. it soe miskien in oantrun weze kinne om te besykjen de groei fan de offalbult te beheinen as in ho ta te roppen. As wy safier earst mar wienen. Hei us betinken wurdt der te min op hammere yn'e foarljochting en docht de oerheid der te min oan. Ek yn de ferheging fan de rioelrjochten kinne wy us fine. e *t/

Historisch Centrum Leeuwarden

Notulen van de gemeenteraad van Leeuwarderadeel | 1991 | | pagina 23