G. Wat de panne utriist, binne de kosten foar skriuw- en kantoarark. Yn 1990 en 1991 noch 14.000,op de begrutting en no wurdt raamt 24.000, Dit sil beheind bliuwe moatte ta 20.000, Ek yn it lyts moat op de sinten past wurde. Wat ek jildt foar it kopiearjen. Kritysk alles besjen en dizze post mei 2.500,werombringe. Wy kinne dan minder utjaan f 6.500, H. De neiere utwurking fan it DPO Stiens, hat dit noch wol sin? Wy hawwe oardel ton oer foar, litte wy mar sizze, de grutte plannen. Deryn kin dit rapport meinommen wurde. Besparring f 7.800, I. De 9.000 gune dy it kolleezje oer hat as dekking foar it tekoart en werfan utsteld wurdt dit nei de post unfoarsjoen te bringen, wolle wy as dekking bruke. f 9.000, Totaal komme wy dan op goed 66.000 gune. As it kolleezje dan ek noch kans sjocht de ton troch effisj inter te wurkjen yn syn gehiel oerein te halden, dan hawwe wy in goede slutende en sune begrutting. Wy wolle ofslute. Men kin fansels noch tiden prate oer begrutting en belied, mar it giet orn de grutte linen. Wy hawwe besocht us fisy te jaan, u.o. op sawol bestjoer as finansjen. Ien en oar jouwe wy graach as omtinken oan j i mmr en de rxe mei. Wy tankje it kolleezje foar harren ynset foar us gemeente. Mei namme ek jo siktaris hawwe, miene wy, de nedige struktuer werom brocht yn dit hus. Tank derfoar. En oer j inline hollen hinne tank oan al dy meiwurkers yn gemeentlike tsjinst fan heech oan leech. Sunder de ynset fan al dy minsken korat der net folle fan telane. Tank jo wol.

Historisch Centrum Leeuwarden

Notulen van de gemeenteraad van Leeuwarderadeel | 1991 | | pagina 25