H FRAGEN FNP-FRAKSJE 1. De weryndieling fan de plysje is in feit. Yn de nije regio Noard leit Stiens sintraal. Is it kolleezje ree otn him der foar yn te setten ora it sintraal-buro fan dizze regio yn us gemeente te krijen? 2. De ferhalding tusken it bedrach dat de ferieningen krije foar it opheljen fan aid papier en de besparring dy't berikke wurdt troch dizze aktiviteit (alternatyf: papier yn'e container) is net ridlik mear. Is it kolleezje ree it garansjebedrach oan te passen (bygelyks t.l.f. de reserve "Afvalstoffenheffing") om de beleaning foar it opheljen fan ald- papier wat mear strike te litten mei de besparring? 3. Op de list fan ynvestearrings (sjuch oanbiedingsbrief) stiet u.o.: renovaasje fan de brege Hearewei te Finkum (ynvestearring: 40.000,jierlest 5.600, Us fraksje is fan betinken dat it foardieliger is om hjir mar in daam, mei deryn in duker, te lizzen yn stee fan it opknappen fan de aide brege. Is it kolleezje ree om dat te undersykjen? 4. Wy binne fan betinken dat automatisearring liede moat ta in gruttere effisjinsje. Automatisearring moat oanwiisbere foardielen hawwe. Hoenear kinne wy dy foardielen temjitte sjen? 5. Op side 28 fan it beliedsdiel (fcegrutting 1992) stiet under "Wolwezen": "In Stiens is dringend behoefte aan een dergelijke akkomodatie" Op hokker wize is dizze behoefte metten? 6. De likwidaasje fan it Cevan sil us gemeente sa as it no liket sa'n 2h oan't 3 ton kostje. By it op'e nij ferdielen fan de reserves is de algemiene reserve ynsetten op 1.150.000, Us fraksje soe graach sjen dat dit bedrach ferbege wurdt ta f 1.300.000, sadat nei it ofboeken fan it Cafan-ferties yn elts gefal noch 1.000.000, oerbliuwt. In minimum reserve fan 100,da ynvanner is, miene wy, as buffer foar de takomst wol nedich.

Historisch Centrum Leeuwarden

Notulen van de gemeenteraad van Leeuwarderadeel | 1991 | | pagina 26