Foarsitter Yn 'e juni notysje hat it kolleezje oanjun om bgl. de begruttings- behanneling foar it kommende jier al yn oktober plak fine te litten. It CDA hat de fraach stelt oft it amtlik apperaat dit wol oankin, mar wij kinne konkludearje dat de eaarste oanset fan 'e bettere ynfermaas- je fersjenning slagge is en dat foar de earste kear de begrutting yn oktober behannele wurdt. Sunt maart is it kolleezje wer kompleet mei in nije gemeente siktaris, dat wat dat oanbelanget stiet it kolleezje neat yn 'e wei om de ambi- sjeuse plannen yn Ljouwerteradiel oan te pakken. Mar deroer straks mear De ferlieding is grut om ut te weidzjen oer saken dy 't it dfrune jier bart binne. Tagelyk bestiet de nieging om oer net-gemeentlike saken te praten, mar litte wy us beheine ta us eigen gemeente, want der is genoch oan de han. In greep ut 'e saken dy 't it dfrune jier plak fun ha: 1. oanliz havens en fersjennings yn Feinsum en Aide LeyeWy hawwe mient dat dit in ferantwurde ynfestearing wie yn dizze lytse doarpen om de leefberens yn stan te hdlden 2. in subsydzje foar toer en tsjerke te Britsum. Wy beskogje dit ek as in foarskot op de doarpsfemij ing dy 't meikoarten fan start gean sil. Dochs is in besinning op dit soarte fan subsydzjes wolris op syn plak, want as je alle toeren, tsjerken en momuminten subsydzje jaan sille, dan soe dat wolris sa'n grut beslach op de finansjele middels jaan kinne, dat je je offreegje moatte oft dit dan te realisearjen is. Benammen stjin de eftergrun fan it feit, dat wy mooglik ek foar grutte utjeften komme te steah foar Dekema-state. 3. Evaluaasje fan de mienskiplike himmeltsj inst. Wy hawwe in jun ut- lutsen om de gong fan saken fan de mienskiplike himmeltsj inst troch te praten, mar der binne wy der noch net mei. De offalproblematyk is in haadsaak wurden yn it gemeentlik bestel en dat wy us oandacht der steeds by halde moatte stiet buten kief. 4. de juni-notysjeDe begrutting dy't foar us leit is in ferlingstik fan dizze notysje en as sadanich makket dit it ferrin fan de finan sjele gong fan saken gans oersichtliker 5. Nettsjinsteande dat de ferkaep fan huzen stagnearre troch de rinte- ferheging, is it dochs posityf te neamen, dat der 28 huzen fan it troch us stelde doel fan 35 bout binne. Alhoewol't it promoaten fan Ljouwerteradiel it nedige jild kostet (de finger moat derby goed oan de pols hdlden wurde) sille wy trochgean moatte mei it besykjen fan de wenbeurs 3m Ljouwert. Foarljochting en presentaasje It CDA is fan betinken dat it kolleezje har best presentearje mei, it is needsaaklik sels, mar dan wol sa, dat it troch de rie droegen wurdt. It is noch altyd de rie dy 't de beslissings nimt en dat in wat behalden opstelling it kolleezje op 'e tiid net misstean soe. Wy kinne us net oan de yndruk untluke dat saken oer presentaasj e fan it ien en oar wolris te min yn it kolleezje troch nommen wurdt.

Historisch Centrum Leeuwarden

Notulen van de gemeenteraad van Leeuwarderadeel | 1991 | | pagina 9