- 2 - De foarsitter seit mei klam dat no allinne it plan fan oanpak oan'e oarder is. Yn juny 1992 sil it kolleezje mei neiere utstellen ta de utfiering komme. Hy seit ta dat der brede ynspraakmooglikheden komme sille. De fraksjes fan de WD en it CDA meitsje in foarbehald foar de lokaasje fan de folkstunen en de lokaasje fan de branwacht. Sunder haadlike stimming wurdt neffens it utstel fan it kolleezje besluten. De hear Ketellapper wurdt achte tsjin stimt te hawwen. 4b. Utstel oangeande oankeap grun te Stiens Hjiroer wurdt it wurd fierd troch de hearen Eisenga, TulnerBoersma, De Vries en de foarsitter. Nei twa koarte underbrekkingen is der noch gjin oerienstimming. Ban II 0000 - 1707 m. De hearen Teitsma, Van Rijn en Boersma lizze in stemferklearring of. Sunder haadlike stimming wurdt neffens it utstel fan it kolleezje besluten. De hearen De Vries, Ketellapper en Van Rijn wurde achte tsjin stimt te hawwen. 5. Utstel oangeande de jierrekken 1990 fan fersoargingstehus "Skilhiem" Sunder diskusje en haadlike stimming wurdt neffens it utstel fan it kolleezje besluten. 6Utstel oangeande it oanluken fan in feste jildliening S.K.L. Hjiroer wurdt it wurd fierd troch de hear Dijkstra en de foarsitter. Sunder haadlike stimming wurdt neffens it utstel fan it kolleezje besluten. 7. Utstel oangeande oanwizing en machtiging fertsjinwurdiger oandiel- haldersgearkomste N.V. Kabeltelevyzje i.o. Sunder diskusje en haadlike stimming wurdt neffens it utstel fan it kolleezje besluten. 8Utstel oangeande oanpassing belestingtaryven Hjiroer wurdt it wurd fierd troch de hearen Van Rijn, Van der Ende, Dijkstra Eisenga en de foarsitter. It utstel fan de fraksjes fan de WD en it CDA om de offalstoffenheffing mei 14% te ferheegjen hellet it net. Foar stimme de hearen Van Rijn, Ketellapper, De Vries, Van der Ende en Boersma. Tsjin stimme mefrou Visser en de hearen Teitsma, Van der Heide, Eisenga, wethalder Jansma, Tulner en Dijkstra. It utstel fan it kolleezje om dit tarief mei 10% te ferheegjen hellet it al. Foar stimme mefrou Visser en de hearen Teitsma, Van der Heide, Eisenga, Tulner, Dijkstra en wethalder Jansma. Tsjin stimme de hearen Boersma, Van der Ende, Van Rijn, De Vries en Ketellapper. De oare utstellen wurde sunder haadlike stimming oannommen. 9Utstel oangeande jierrekken 1990, begruttingswiziging 1991 en untwerp- begrutting 1992 fan de mienskiplike himmeltsjinst Hjiroer wurdt it wurd fierd troch de hearen Dijkstra, Eisenga, De Vries en de foarsitter. Sunder haadlike stimming wurdt neffens it utstel fan it kolleezje besluten. - 3

Historisch Centrum Leeuwarden

Notulen van de gemeenteraad van Leeuwarderadeel | 1991 | | pagina 5