9 GEMEENTE LEEUWARDERADEEL Agindapunt: 9. FoarstelnA: 93/ 17. Stiens, 16 febrewaarje 1993 Underwerp it ynfieren fan in nije bouwetjouwing bou- en brdnbefeiligingsoardering Oan de gemeenteried Op 1 oktober 1992 is de nije bouwetjouwing fan krgft wurden. Dy bestiet At de Wenningwet 1991, it BoubeslAt en it BeslAt meldingsplichtige bouwurken. Dat is fan dy gefolgen dat de bou-oardering en de brdnbefeiligingsoardering ek feroarje. Yn de foarlj ochtingsbriefsa't dy troch it ministearje fan VROM oer dy matearje opsteld is, wurdt op in kleare en folsleine wize ynformaasje jdn. De ynhdld fan dy brief hat yn syn hiele hear en fear yn de Stienzer Omropper stien. Fierders hawwe jinraie as riedsleden, persoanlik in brosjuere fan As StSdeboukundich buro HPart tastjoerd krigen en binne jimme oer dy matearje ek noch wiidweidich ynformearre troch de fakparse. Yn ferban mei it boppesteandestelle wy jimme foar om in nije bou-oarde ring en branfeiligingsoardering fest te stellen. Bou-oardering De ferplichting ta it feststellen fan in bou-oardering komt fuort At art. 8 fan de Wenningwet. Der stiet yn: De gemeenteried stelt in bou-oardering fest. De Anderwerpen dy't foar regeling yn oanmerking komme, wurde dAdlik ofbeakene yn'e wet neamd. Sa falle de boukundige (technyske) foarskriften net mear Ander de regeling yn de bou-oardering; dy saken steane no regele yn it BoubeslAt. Foar in oersjoch fan saken dy't wol regele wurde kinne, wurdt ferwiisd nei in kopy fan de wetstekst fan art. 8 fan de Wenningwet. Mei it each op de winsklikheid fan lykfoarmigens op dat med wurdt de model- oardering oanholden, sa't dy troch de VNG opsteld is. Der steane in tal karmooglikheden yn oanjAn. Foar in oersjoch d§rfan wurdt ferwiisd nei de Atbrochte amtlike advizen sa't dy foar jimme yn de riedssluf op besjen lein binne (advys buro abjz d.d. 14-01-1993 en advys buro behear d.d. 11-12-1992) Op in tal punten wurdt Anderskied makke tusken "steds" en "oare" gebieten. It ferskil sit hjiryn dat yn "steds" gebieten saneamde beboude kommen oanwiisd binne, d§r't de ferplichting fan in bestimmingsplan net foar jildt. Dat der ferskil makke wurdt tusken dy gebieten is foar As gemeente in goede saak; de Side bou-oardering wie ek fan tapassing op it totale grAngebiet fan de gemeente. Noch in ferskil wat it Anderskied tusken "steds" en "oare" gebieten oanbelanget, is de fysike ynfoiling fan de beskikbere romte. Yn de bin- nensted is it yn dat ferban wol akseptearre dat de gevels heger binne en tichter opinoar steane as yn in doarp.

Historisch Centrum Leeuwarden

Notulen van de gemeenteraad van Leeuwarderadeel | 1993 | | pagina 36