De oannimmer en ek it haad buro bousaken fdnen it totaal wol in heech bedrach. Yn in oerlis binne haadoannimmer en haad bousaken dan ek oerienkommen dat de gemeente it sloopwurk sels dtfiere mocht, as dat op koarte termyn barre soe Troch it ferfalle litten fan dat wurk waard derby in minderpriis fgststeld fan 4.000,-- ekskl. BTW. Yn oerlis mei it haad bousaken en de direkteur gemeentewurken hat de Fa. Bijlsma tit Gytsjerk op 6 july in oanbieding dien fan 2.790,-- ekskl. BTW en dernei is daliks opdracht jfln. Op 7 july hat de sloop syn beslach krigen. Wy miene dat mei de hjirboppe beskreaune proseduere de tsjinst gemeentewur ken yn oerlis mei de oannimmer it probleem korrekt oplost hat binnen de f§ststelde ferhaldings dy't yn de besteksbepalings festlein binne. Binnen de oannimmersoerienkomst is gj in ferhalding oanwezich tusken de gemeente en de oanbelangjende OnderoannimmerDe teloarstelde sloper is dan ek op grdn fan syn neiere easken troch de haadoannimmer passearre. Ta ynformaasje kinne wy jimme meidiele dat de bedoelde estrikken en stientsjes op it terrein fan Dekema State opslein binne. Soks mei it doel dat se mooglik noch ris brdkt wurde kinne by de restauraasje fan de State. It hie better west as yntiids oan de gemeente en de oannimmer trochjdn wie, dat ien en oar d§r weihelle wurde soe. Wy tinke dat wy jimme mei dizze dtlis foldwaande ynformearre hawwe. Boargemaster en wethilders fan Ljouwerteradiel de siktaris, de boargemaster, J.J. KINGMA MR. C. BIJL

Historisch Centrum Leeuwarden

Notulen van de gemeenteraad van Leeuwarderadeel | 1993 | | pagina 26