10 GEMEENTE LEEUWARDERADEEL Punt fan e wurklist: 10. Utstelniimer 93/92. Stiens, 20 septimber 1993 Underwerv: it nimmen fan in besliit om "De Arjen Roelofsskoalle" yn Hijum yn stSn te hSlden Oan de gemeenterie Op griin fan kSst 107 en 108 fan 'e Wet op it Basisunderwiis moat jimme rie alle jierren foar 1 oktober in besliit nimme oer it yn stSn hdlden of opheffen fan skoallen wannear't it tal skoalbern de twa skoaljierren dSrfoar leit under de wetlik fdststelde opheffingsnoarm. Jimme rie hat yn augustus 1990 in besliit naam ta it yn stSn hdlden fan de iepenbiere basisskoalle "De Arjen Roelofsskoalle" yn Hijum. Dat besliit is yn febrewaris troch it kolleezje fan Deputearre Steaten fan Fryslan goedkard foar in tiidrek fan trije jier. No moat der dSrom op 'e nij sa'n besliit naam wurde, om't it tal skoalbern de ISste jierren wer under de opheffingsnoarm bleaun is. It ynstanhSldingsbesliit sil hifke wurde oan de saneamde objek- tivearre kriteriady't as taheakke by it litstel geane Neist itjinge dat werjiin is yn dy kriteria, jildt it neikom- mende foar de skoalle yn Hijum: - it is de ienichste twatalige Opstap-skoalle yn us gemeente; - it sosjaal-kulturele aspekt fan 'e skoalle foar it doarp; - de berikberens en feiligens fan de skoalle fan deselde rjochting dy't it tichtstby is. De skoalbern sille dan de drokke dyk fan Ljouwert nei Holwert oerstekke moatte. Wy stelle jimme dan ek lit it besliit te nimmen de iepenbiere basisskoalle "De Arjen Roelofsskoalle" yn Hijum yn stdn te halden De kommisje wolwezen kin har mei it litstel lykfine. In konsept besliit om fSst te stellen giet hjirby. Boargemaster en Wethalders fan Ljouwerteradiel, de siktarisde boargemaster, J.J. KINGMA MR. C. BIJL

Historisch Centrum Leeuwarden

Notulen van de gemeenteraad van Leeuwarderadeel | 1993 | | pagina 30