En dat is dan sa'n underkuolle Fryske wize fan sizzen, dy't der op tsjut, dat der yn feite sprake west hat fan in eksplosy fan enerzjy. "Plan fan oanpak" stiet der op de dynamytkist, en de brokstikken nei de eksplosy besteane ut nije foarsjenningen foar in groeiende befol- king en in oantrekkeliker en libbener doarpssintrum yn Stiens. Der neist is ek al it oare mei unfermindere dynamyk fierder gien: de wenningbou, untwikkeling fan in nij bedriuwenterrein, de weropbou fan de mune net te ferjitten, it opsetten fan berne-opfangit stal- jaan oan dldereinbelied, om mar een pear saken lit in grut ferskaat te neamen. Ek de lytsere doarpen yn us gemeente hawwe fernommen dat wy net in stilsittend gemeentebestjoer hawwe: doarpsfernijingde utwreiding fan de jachthaven fan Britsum, de oanlis fan jachthavens yn Aide Leye en Feinsum, ensafuorthinne En dat alles yn goed en iepen oerlis mei de gemeenteried en sunder dat de gemeente nei safolle fertoan fan diedkreft finansjeel oan it ein fan syn latyn is Koartsein, it gemeentebestjoer rint net hymjend achter de unt- jouwingen oan, mar jout lieding oan de untjouwing fan us gemeente. Der binne ek flaters makke en der wie ut en troch ek reden foar krityk; mar not wy de baldns opmeitsje kin it bedriuwsresultaat fan fjouwer jier oars net as posityf neamd wurde As it lan der sa hinne leit, dat us gemeente goed en mei faasje bestjoerd wurdt, is it dan noch wol op syn plak om te eameljen oer de needsaak fan bestjoerlike fernijing? Dochs wol. Om it koart om 'e hoeke te sizzen: De gemeente wurdt goed bestjoerd, mar de gemeentepolityk libbet net. En dat is hoe dan ek in probleem dat wy us oanluke moatte. Helpt in keazen boargemaster? Earlik sein witte wy dat net. Wy hawwe wol ris de yndruk, dat der yn de besnijing fan de problematyk nei oplossingen grypt wurdt, dy't yn teory in remedy foar de kwalen lykje yn te halden, mar der't de praktyske konsekwinsjes net goed fan trochtocht binne.

Historisch Centrum Leeuwarden

Notulen van de gemeenteraad van Leeuwarderadeel | 1993 | | pagina 13