It wurk fan de "Stichting Hallum" kin bogje op brede wurdearring under us befolking. It soarch - en helpberik fan de "Stichting Hallum" is folle breder as de befolkingsgroep der't de Stichting benammen ut fuortkomt. It utsprutsen eigen karakter fan de Stichting blykt gjin drompel te wezen, mar krekt boarch te stean foar bewuste iepenheid en untfankelikheid nei de hiele befolking ta. Foarsitter, in gemeenteried dy't der net foar soargje soe, dat de "Stichting Hallum" op hokker wize en yn hokker foarm dan ek, mei beh'ld fan syn eigen karakter, binnenboard bliuwt by us gemeentlike subsidiearringset himselfs op ofstAn fan us befolking, en bewurket dermei it tsjinstelde fan wat mei bestjoerlike fernijing neistribbe wurdt. Wy fertrouwe der op, dat it kompromis, dat yn april yn dizze gemeenteried de stipe fan de mearderheid krige, der ta liede sil, dat de "Stichting Hallum" yndied binnenboard bliuwt. En wy fertrouwe der op, dat de fraksjes, dy't dat kompromis stypje, har derfoar ynsette sille. Bestjoerlike fernijing yn de twadde sin fan it wurd: in oare ferdie- ling fan taken en foech oer de bestjoersorganen fan gemeenten, provinsje en ryk. Ik wol der net al te folle oer teoretisearje mar even stilstean by in konkrete yllustraasje fan de needsaak fan bestjoerlike fernijing: it OLAF. It OLAF is in probleem dat wy, mei de oare tritich Fryske gemeenten yn de ofrune fjouwer jier meisjouwd hawweDe mear fulere diskusjes yn us rie gienen faak oer it OLAF. Der wienen tsjinstellingen yn us rie, benammen yn oer de kwestje fan it al as net weriepenjen fan de AVI. Wy tinke werom oan de riedsgearkomste fan 24 jannewaris 1991. Op utste fan us fraksje naam de mearderheid fan de gemeenterie doe in moasje oan mei de strekking dat de mooglikheid fan weriepening fan de AVI iepen halden wurde moast, en wy hawwe wethalder Glas mei dat boadskip nei de bestjoersgearkomste fan it OLAF fan de oare deis stjoerd. En no hat in unanym OLAF-bestjoer besletten om of te sjen fan weriepening fan de AVI.

Historisch Centrum Leeuwarden

Notulen van de gemeenteraad van Leeuwarderadeel | 1993 | | pagina 14